Digitaal eksimplaar
Leaver lêze op papier?
Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!
Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.
Leaver lêze op papier?
Op it spesjaal basisûnderwiis binne wy in soad dwaande mei gedrach. Hoe geane je meielkoar om? Wy wurkje mei de Kanjertraining, in metoade foar fertrouwen, feilichheid, frede en wjersidich respekt. In diel dêrfan is ús time-out proseduere. Wannear’t dat noadich is, dan korrizjearret de learaar earst it gedrach en jout oan hokker gedrach winsklik is.
Iuwenlang krigen berntsjes in foarnamme oan ’e hân fan de famyljestambeam. Ek al gebeurt dat tsjintwurdich folle minder, dochs kieze âlden noch altyd foar Fryske foarnammen. En sûnt dit jier meist dyn bern twa achternammen jaan.
Thijs Hoekstra (7)
♥skoalle: groep 4 fan De Tarissing yn Droegeham
♥dream: krekt sa let as heit opbliuwe
♥lêst lêzen: puzzelboekje út ’e supermerk
♥boek: Donald Duck
♥film: Vogelvlucht
Negentien was ik, toen Luke werd geboren’, vertelt Natalie. ‘Mijn zwangerschap kwam als een verrassing. Ik raakte niet in paniek, maar het was wel even slikken.
Wout de Groot (10)
♥skoalle: groep 6 fan Mienskipsskoalle De Legeaën
♥dream: skriuwer wurde
♥lêst lêzen: in kaartsje fan juf
♥boek: Dolfje Weerwolfje
♥tv: Disney Channel tekenfilms
‘Ik rekke yn ferwachting doe’t ik sechtjin wie. Fiifenheale moanne lang hie ik neat yn ’e gaten. Doe ’t ik nei de húsdokter gie foar de pil, fertelde ik dat ik al in skoft net ûngesteld west hie. Op ’e fraach oft ik miskien yn ferwachting wêze koe, andere ik mei nee.
Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).
Benthe Groendijk (13)
♥1e klas fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé
♥dream: kampioen wetterpoloster
♥lêst lêzen: what's app
♥boek: 28 dagen, David Safier
♥film: the Hunger Games
Foarich jier wûnen se noch twa Gouden Gurbes mei it stik ‘Pippi!’. En hoe komt it dit jier? Alle jierren meie bern út groep 7 en 8 út Easterwierrum en omkriten audysje dwaan foar it Berne Iepenloftspul.
Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.
Sûnt trijekwart jier is der in man yn myn libben. Sûnt ús earste date dêr oan it Meerkoetstrân is er net mear wei te tinken. Ik sjoch him noch myn kant op rinnen yn syn Bonnie “Prince” Billy-shirt en mei syn gitaar op ’e rêch.
Ik wenje no op Sint Maarten, mar ik kom oarspronklik fan De Pomp. Jierrenlang haw ik as keatster aktyf west op de Fryske fjilden – dat wie in prachtige tiid mei moaie suksessen.
In bern kin him noch lang net altyd yn wurden uterje, lykas in folwoeksene dat docht. In bern praat yn byldtaal.
It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden!
Meester Patrick jout al fjouwer jier mei in protte wille les op ’t Holdersnêst oan groep 6 yn De Harkema. ‘Fan hûs út bin ik meartalich grutbrocht, mei in Nederlânske mem en in Fryske heit. De taal fan myn hert wie it Nederlânsk, oant ik op ’e basisskoalle kaam en mei myn klassegenoaten hast allinnich mar Frysk prate.
Sjongen hat in protte foardielen. It helpt bern by de ûntwikkeling fan taal, spraak, motoryk en lichemsbesef. Ast sjongen ek noch kombinearrest mei bewegingen, wurket it dûbelop, wit muzykterapeut Jitske Draijer. ‘Us beppes songen net foar neat ûnder it hinkeljen en toutsjespringen, dat wie fan grutte wearde!’