Zoek op inhoud

Sjong en beweech mar raak!

Sjongen hat in protte foardielen. It helpt bern by de ûntwikkeling fan taal, spraak, motoryk en lichemsbesef. Ast sjongen ek noch kombinearrest mei bewegingen, wurket it dûbelop, wit muzykterapeut Jitske Draijer. ‘Us beppes songen net foar neat ûnder it hinkeljen en toutsjespringen, dat wie fan grutte wearde!’ 

‘Muzyk is foarspelber en dat fine wy as minsken noflik; ús brein hâldt no ienris net sa fan nije dingen. In ferske hat altyd in begjin en in ein, inselde soart kadâns en bestiet út 4, 8 of 16 maten. Dy foarspelberheid makket dat wy gau meidogge. En dat is fuort it earste grutte foardiel fan sjongen: allinne ast dingen dochst, kinst dy ûntwikkelje.’

Jitske seach faak genôch hoe’t sjongen de opmaat wêze kin ta ûntwikkeling by bern. Mear as fiifentweintich jier wurke se yn de berne-opfang, se is sjongcoach en hat in baan as muzykterapeute yn de handicaptesoarch. ‘Ik fyn learen leuk, dus geandewei ha ik ek alderhande opliedingen folge: Agogisch Werk, Conservatorium (Jazz Zang) en koartlyn helle ik myn master Muziektherapie.’   

Ferbininkjes fan taal 
Sjongen helpt enoarm by taallearen, stelt de muzykterapeut, dy’t ek it foarwurd fan it splinternije ferskeboek Foar alles in ferske! skreau. ‘Trochdat bern gau meidogge, binne se aktyf mei taal en spraak dwaande. Se leare nije wurden dy’t se better ûnthâlde om’t der in melody ûnder sit. Sjongendewei eksperimintearje se ek mei de stim. Mar it alderbelangrykste is miskien wol dat se troch ferskes de klanken, yntonaasje en grammatika fan de taal oppakke. Se ûntdekke taalpatroanen: de basis om in taal te learen. Dêrom is it ek belangryk dat teksten fan ferskes ‘logysk’ binne.

In de maneschijn is bygelyks in foarbyld fan in tekst dy’t net echt helpend is op it gebiet fan taal. De sinnen foarmje net in gehiel en dus kin it brein fan in bern der taaltechnysk gjin sûkelade fan meitsje.’ Yn Foar alles in ferske!, skreaun troch Clara Rullman, hat Jitske der mei foar soarge dat de lietteksten klopje. Dêrtroch kin it brein logyske ferbininkjes fan wurden oanmeitsje, wêrtroch’t de taalûntwikkeling flugger giet. ‘Bern leare watfoar wurden byelkoar hearre.’ 

Sjonge mei bewegingen 
Foar har masterskripsje die Jitske ûndersyk nei alertheidsregulaasje en muzyk. Dêrút die bliken dat bern alerter wurde ast sjongen kombinearrest mei bewegingen. ‘Ast alert bist, learst mear, dus is it belangryk om tagelyk ek bewegingen ta te passen. Dêr komt fansels by datst mei springen, wibeljen, stampen en swaaien dyn motoryk, lichemsbesef en romtlike oriïntaasje ûntwikkelest. Win-win dus!’ Op stuoltsjes yn ’e kring meielkoar sjonge op de berne-opfang of op skoalle, is prima fansels, mar mei bewegingen derby wurket it noch better, stelt Jitske. ‘Dat ha ik ek geandewei leard; yn myn begjinjierren yn de berne-opfang bewarre ik bygelyks it drokste ferske (Stamp met je voeten) foar it lêst. It idee wie dat wy dan lekker gek einigje koene. Mar dêr kinst better mei begjinne; dan binne bern direkt alert om dingen op te nimmen. It kontakt, de konsintraasje, de skerpte… Alles stiet dan fuort goed oan en dat wurdt beleanne mei ûntwikkeling!’ 

Sjoch op www.debeweegliedjes.nl foar koarte ferskes, ûntwikkele troch Jitske om alertheid te stimulearjen.   

Wat zijn de allerbeste liedjes?  

  • Liedjes met ‘logische’ teksten. 
  • Liedjes waarbij je bewegingen kan maken die passen bij de tekst.  
  • Liedjes die je kunt uitdiepen door bijbehorende verhalen of activiteiten. 

Wat is leuk materiaal?

2-6 jaar – Foar alles in ferske!

Nieuw liedjesboek van Clara Rullmann. De Friese liedjes gaan over onderwerpen die dagelijkse praktijk zijn, zoals opruimen, eten en groter worden. Er staan ook bijbehorende verhaaltjes en activiteitentips in, dat maakt het supergeschikt voor op de kinderopvang en in de onderbouw van de basisschool. De liedjes zijn ook voor de thuissituatie te beluisteren. Hier vind je ook meer albums met Friese kinderliedjes. 

2-6 jaar – Playlist Fryske berneferskes 

Deze playlist van heit&mem staat vol met Friese kinderliedjes. Zing mee met Hindrik van der Meer, Tomke en Hantsjes yn ’e hichte. Ook de liedjes van het nieuwe boek Foar alles in ferske! zijn toegevoegd. 

2-10 jaar – De Voorleestrom op Spotify

Het lied De Voorleestrom bestaat in zowat alle talen. De ‘Frisian version’ is van Nynke Laverman, leuk om het voorlezen zingend te beginnen!  

2-10 jaar – 123ZING

Gebruik je de muziekmethode 123ZING op de kinderopvang of op school? Ga dan eens voor een Fries liedje! Het Friestalige aanbod is ruim en geschreven en ingezongen door Janneke Brakels. 123ZING biedt videolessen, liedjes en interactieve opdrachten. Met beweging! 

9-12 jaar – SjONG junior

Zet thuis de playlist van SjONG junior op en knal eruit met hippe nieuwe nummers! Ook geschikt voor op het plein, dorpsfeest of kinderdisco. SjONG junior is een songfestival voor de bovenbouw van de basisschool. Sinds dit jaar verschijnt er lesmateriaal bij de liedjes met een filosofische en talige insteek. Bruikbaar in de klas bij vakken als muziek, Fries en burgerschap, ook als je niet meedoet aan het festival.  

Door: Marrit de Schiffart 

De resinsje fan Harmke oer Kwek Kwek Minemyn

Muzyk foar de berte

De 10 beste foarlêstips!

Muzyk makket bern wizer

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover