Zoek op inhoud

podcast

De podcast fan heit&mem!

Heit&mem hat ek in podcast! Yn de podcast prate Froukje Sijtsma (host fan de podcast) en Dieuwke van der Meer (host en haadredakteur fan de heit&mem) oer it grutbringen fan bern en alles wat dêr omhinne spilet.

Yn dizze tredde heit&mem-podcast is Menno Tuik te gast, hy is psychofysyk weerbaarheidscoach foar folwoekseen en bern én skriuwer fan it boek ‘Ut mut der út’. Syn stelling is: We moatte minder prate én folle mear bewege.

En ek Jeannette Numan is oanskood. Sy hat jierrenlang as jeugdhelpferliener wurke, mar is no direkteur fan SFBO, stichting Frysktalige Berneopfang. Dy moediget bernedeiferbliuwen en gastâlden yn Fryslân oan om konsekwint ek de Fryske taal te brûken by. Har stelling is: mei it Frysk komst folle fierder as allinnich Fryslân.

WIN IT SIMMERBOEK!

In simmerboek foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis! In boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier. Wolst dit boek winne? Belusterje de podcast en folje ûndersteande trije mearkeuze fragen yn! Wy meitsje 15 july de winner bekend.

Folje de trije fragen yn en meitsje kans op it nije Simmerboek!

"*" geeft vereiste velden aan

Hoe hjit it boek fan Menno Tuik?
Wêr wennet Joazefine?
Yn watfoar taal kinst it bêste prate tsjin dyn bern?
Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.