Zoek op inhoud

De resinsje fan Wytske Jongbloed: Ate en de seeheks

Klifmantsje Ate, of moatte wy sizze klifwyfke Atalanta of Atsje, wennet yn it wite klifhûs oan it Marderklif. Op in dei bringt postdo Hipke him in wichtige brief fan syn omke Simen. Omke Simen hat lêst fan rinneritus en hat dêrom de help fan Ate nedich. Om te helpen moat Ate wol in besite bringe oan de gefaarlike seeheks yn Laaksum...

flarde

De resinsje fan Ike: Flarde

Mei in soad niget haw ik it boek Flarde lêzen. Yn earste ynstânsje wie ik nijsgjirrich nei de relaasje tusken Fryslân en Baskelân, sjoen nei de oerienkomsten tusken beide eigen talen, kultuer en status yn it lân. Dat kaam yn it boek net nei foaren. It boek is flot skreaun, mar net foar de begjinnend Fryske lêzer. Yn it begjin moat je efkes wenne oan de skriuwstyl, mar al gau sitst yn it boek en wolst witte wat der noch mear barre sil. Hokker wendingen naam wurde en hoe’t alles dochs wer in oare kant op liket te gean. Ien ding bliuwt gelyk: Aede lit Sarat in haadrol spylje yn syn libben.

De resinsje fan Yvonne: Hagelslach

In kertier ferlyn
wie ’k tritich jierren jonger
en no bin ’k hast wer dea.
Gjin idee
wat dy te wachtsjen stiet
ast âld bist.

De resinsje fan Harmke: Hagelslach

wetter

Resinsje ‘Wetter’ troch Anke Dykstra

Wolsto ek in ‘betterwetterder’ wurde? Wat seist? Witsto noch net wat dat is? Witsto wat ‘wetter’ is? Hast wolris heard fan ‘wettermeunsters’? Bisto in bytsje nijsgjirrich oanlein? Dan moatst dit boek mar gau besjen! Want foardatst it witst, wurdsto in echte wetterprofessor en makkesto thús dyn eigen swietwetterfabryk!

wetter

De resinsje fan Irene Steens: Wetter

Mei wetter kinst boartsje en eksperimintearje, kinst it ûntdekke en der ferhalen oer hearre. Ja, Wisse hâldt fan wetter en hy ferwûnderet him deroer. It boek Wetter fan Linda de Haan is in oade oan de magy fan wetter – en oan hoe’t bern de wrâld ûntdekke.

De resinsje fan Jeltje: 'Pykje Fjouwer'

Op in tongersdei yn maart kriich ik in mailtsje mei de fraach om in resinsje te skriuwen oer in nij boek. Ditkear Pykje Fjouwer fan Lida Dykstra. In moai foarjiersboek.

De resinsje fan Marjan: Wat in rommel!

In kadootsje mei fleurich stippeltsjepapier deromhinne en in wolkomstkaartsje derby, foar my as nij panellid, kaam fan ’e wike troch de brievebus! Ik hie der sin oan om dat kadootsje út te pakken en ús Sarah (5)
en Stefan (9) ek. Ut it papier kaam in boek mei in prachtich yllustrearre foarkant en dat frege derom om it hiel gau te iepenjen en te lêzen.

Dat is dan ek krekt wat wy dien hawwe.

Boekresinsje: 'De bûseskatten fan Poike' troch Pytrik de Groot

Och, wat in moai boek, dat wie it earste wat ik tocht doe’t ik hem beseach. In dik kaft, altyd noflik mei bern, en op in moaie wize yllustrearre, en mei in dúdlik lettertype skreaun. It elastyk kin brûkt wurde as boekelizzer, mar is ek handich foar de bûseskatten dy’t je sammelje kinne yn it boek.

Boekresinsje: 'Dat is moai Frysk!' troch Corrie Kamminga

Dat is moai Frysk! is in alleraardichst boekje oer, fansels, it Frysk. Oan ’e hân fan 8 tema’s wurdst meinaam yn de wrâld fan it Frysk. Sa fynst ferhaaltsjes mei útlis wêrom’t krekt dy spesifike wurden brûkt wurde, lêst blokjes mei útlis oer wurden dy’t in soad opinoar lykje of learst dat Nederlânske wurden dy’t we faak brûke dochs net Frysk binne. It wurd ‘leuk’ is bygelyks sa’n wurd. Aardich om te witten, no? Tink no net dat it boekje dy mei it opstutsen fingerke terjochte stiet te wizen, just net.

Boekresinsje: 'De Geheime doar' troch Geartsje Rispens-Klaversma

Ik mocht een recensie schrijven over het boek 'De geheime doar' van Lida Dykstra. Na de bevestiging heb ik gewacht tot het in de brievenbus lag.

Boekresinsje: 'Dat is moai Frysk!' troch Fardau de Boer