Zoek op inhoud

Meester Patrick jout al fjouwer jier mei in protte wille les op ’t Holdersnêst oan groep 6 yn De Harkema. ‘Fan hûs út bin ik meartalich grutbrocht, mei in Nederlânske mem en in Fryske heit. De taal fan myn hert wie it Nederlânsk, oant ik op ’e basisskoalle kaam en mei myn klassegenoaten hast allinnich mar Frysk prate. 

Taal hat myn ynteresse. It Ingelsk leit my ek goed, dy taal hat in moaie uteringsfoarm. Om je goed uterje te kinnen, brûke je de taal fan je hert. Dêrom stypje ik de bern ek om harren memmetaal safolle mooglik te brûken.’ 

Frysk moatst net sjen as los fak 

‘Ik ha no 17 bern yn ’e klasse. Hast alle bern prate Frysk. Wy binne in trijetalige skoalle, dêr bin ik grutsk op. Wy jouwe les yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk en binne dêrfoar ek sertifisearre. 

Wurkje mei oare talen freget net in protte tiid. Wy ha dêrfoar in moaie oplossing. Sa ha wy “taal-dagen”. Op moandei is it Fryske dei en op woansdei Ingelske dei. Dan wurkje alle groepen de hiele dei yn dy taal. Ek at it bygelyks in ierdrykskundeles is. Sa kinst hiel maklik de bern in taal leare: prate, lêze en skriuwe. 

Op moandei, dan is ’t Fryske dei, hinget de Fryske flagge út! 

Yn stee fan taalmetoaden wurkje wy mei doelen. En sjogge wy hoe’t wy dy helje kinne. Foar de bern en ek foar ús smyt dat leuke projekten op. Wy jouwe de bern by ferskate projektopdrachten sels de kar: yn hokker taal wol ik my uterje? Mei Kryst bygelyks ha wy de bern in kaart foar iensume minsken skriuwe litten. Sa binne se op mear manieren dwaande mei taal: foar wa skriuw ik? Wat wol ik skriuwe? En hoe skriuw ik dat? De kaarten wiene in leaf en tankber sukses! 

As leararen litte wy sjen dat it goed is om altyd oan it learen te bliuwen. Ek as meester wit ik wolris wat net, dan sis ik dat tsjin de bern en sykje wy it mei-inoar út. Dat is no just sa moai om mei de bern te dwaan. Sommigen binne dan tige serieus! 

Ek leare wy fan oare skoallen en sy fan ús. Sa ha wy ris nei in Ierske skoalle west dêr’t se ek meartalich lesjouwe. Harren ‘best practices’ brûke wy hjirre dan ek wer!’’ 

Troch: Tineke Witteveen 
Foto: Hippe Kiek Fotografie

KREK! Fryslân, het nieuwe kennisspel over Friesland

Met leuke, actuele en verassende vragen over Friesland en de Friezen

Om te spelen met het hele gezin, met vrienden of collega’s. Thuis, in de kantine of in het café.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover