Zoek op inhoud

Fan wa bisto ien?

Iuwenlang krigen berntsjes in foarnamme oan ’e hân fan de famyljestambeam. Ek al gebeurt dat tsjintwurdich folle minder, dochs kieze âlden noch altyd foar Fryske foarnammen. En sûnt dit jier meist dyn bern twa achternammen jaan.  

Froeger bepaalden de âlden neffens de tradysje de foarnamme oan ’e hân fan it geslacht fan it bern. Ek spile it plak yn de bernerige mei. Sa wie it gebrûk om by it earste jonkje de manlike line te folgjen: hy krige de namme fan pake oan heitekant. By it earste famke keazen je dan foar de namme fan de beppe oan memmekant.  

Fryske nammen út rouadvertinsjes 

No’t Friezen folle minder tradisjoneel ferneame, ferdwine der ek bysûndere Fryske foarnammen. ‘Skande, mar ek wol begryplik’, fynt Aly van der Mark (85). Sy knipt opfallende foarnammen út rouadvertinsjes. ‘It begûn as aardichheidsje, mar tweintich jier letter knip ik se noch altyd út.’ Se skreau it boekje De lêste Hikke, dêr’t de libbensferhalen ferteld wurde fan minsken mei bysûndere Fryske foarnammen. 

Bern krije hjoed-de-dei selden noch nammen lykas Jakke, Weltsje, Peepke, Oepkjen of Mietje. ‘Alden kieze leaver foar populêre Fryske, Nederlânske of ynternasjonale nammen. Watst ek sjochst, binne selsbetochte nammen mei bysûndere skriuwwizen. En ek nammen fan populêre artysten of leden fan it keninklik hûs binne yn trek. Sa wienen der yn de jierren tritich in soad famkes dy’t Astrid hjitten, ferneamd nei in Belgyske keninginne.’ 

Yn de fuotspoaren fan oerpake Broor 

Wiebe en Allijan Jager út Aldeboarn hawwe twa bern. ‘Us famke hjit Reva Janna (3). Reva betsjut “sy dy’t beweecht” yn it Hindi of “wetter” yn it Hebriuwsk. Dy namme past by har.’ Har twadde namme komt fan pake Jan. ‘Us jongste hjit Broor Jurre (9 moanne), ferneamd nei syn pake Sietze Broer en oerpake Broor Wiebe. ‘Wy hawwe de namme Broor trije generaasjes letter wer werombrocht yn de famylje. Wy fûnen it ek in stoere namme. Jurre fûnen we gewoan moai.’ Bysûnder is ek dat lytse Broor yn itselde hûs wennet as syn oerpake. ‘Dy hie froeger in grientewinkel yn it hûs dêr’t wy no wenje. It fielt bysûnder dat dêr, krekt as doe, no wer in Broor Jager wennet. Ynkoarten hingje we in moaie foto op fan âlde Broor yn syn grientewinkel.’ 

Kreatyf ferneame 

Lammert en Tineke de Vries út Sumar binne beide sels ferneamd en fûnen it ek moai om harren eigen bern wer te ferneamen. ‘It is by ús yn de famylje ek wol in tradysje, mar wy hâlde der wol ús eigen regels op nei.’ Harren bern hjitte Jan Hindrik (7), Martha Jelly (5), Gryte Nynke (3) en Lieuwe Willem (6 moanne). De âldste is ferneamd nei Lammert syn heit en broer. Martha is de twadde namme fan Tineke, dy’t sels ek nei in Martha ferneamd is. Tineke har mem hjit fan Gea. ‘Mar dy wie al ferneamd yn de famylje. Gea komt fan Grytje, wy hawwe der doe Gryte fan makke. De jongste is ferneamd nei de heit en broer fan Tineke. Wy fine it in leuke knypeach nei froeger.’  

In Sileenske en Fryske foar- en achternamme  


Tineke Nicolai út Dokkum learde har Sileenske man, Jaime Antonio Millañir Lefiman, kennen doe’t se yn Súd-Amearika wenne en wurke. ‘Doe’t wy trouden haw ik bewust myn famkesnamme oanhâlden. Yn Sily krije bern twa achternammen: ientsje fan de heit en ientsje fan de mem. Us âldste is dêr berne. Sy hjit Famke Sayen Millañir Nicolai (9 jier).’ Yn Nederlân binne Mailén Rikst (7 jier) en Tayel Nyk (1 jier) berne. Sy mochten doe ek beide achternammen oanhâlde, om’t de âldste al sa hjit. Wy hawwe keazen foar in Fryske en in Sileenske foarnamme, om sawol myn Fryske kultuer as de minderheidskultuer fan de Mapuches, in Sileenske stam, út te dragen.’  

Leafdespoppe bestimpele mei twa achternammen 

Sander van der Kuur en Bastiaan Koop út Drachtsterkompenije binne heit fan Maeson Koop-van der Kuur (5 moanne). ‘Mei help fan in fantastyske draachmem. Wy hawwe doe’t wy trouden elkoars achternamme oannommen, mar wol mei ús eigen achternamme earst. Maeson draacht dy fan ús beiden. Wy hawwe dêrby keazen foar in folchoarder dy’t wy it noflikst om út te sprekken fine. It fielt hiel bysûnder dat Maeson twa achternammen hat. Sa hearre wy echt byelkoar.’ 

Tekst: Froukje Sijtsma 
Foto Aly van der Mark : Hippe Kiek fotografie

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover