
Grutte bak
Op it spesjaal basisûnderwiis binne wy in soad dwaande mei gedrach. Hoe geane je meielkoar om? Wy wurkje mei de Kanjertraining, in metoade foar fertrouwen, feilichheid, frede en wjersidich respekt. In diel dêrfan is ús time-out proseduere. Wannear’t dat noadich is, dan korrizjearret de learaar earst it gedrach en jout oan hokker gedrach winsklik is.
Wurde de regels hieltyd wer brutsen, dan folget der in eksterne time-out. De learling wurdt nei de time-out funksjonaris stjoerd, dy’t dêr in aparte romte foar hat. Dat bart fuortendaliks, sa gau as der skolden, slein of skopt wurdt. Somtiden wurdt it sjoen as in ‘strafkeammerke’, mar sa sjogge wy it net. It jout bern faak romte om nei te tinken oer harren gedrach en te praten mei de meiwurker dy’t dêr sit. Dêrneist kinne bern rêstich wurde en ôfkuolje, bygelyks yn in konflikt. Se sitte dêr tsien minuten en as it oplost is, geane se werom nei de klasse. Konsekwinsje is wol dat se dy tiid ynhelje moatte. Faak nei skoaltiid, en dat witte de bern.
Dizze kear wie it Jort dy’t tiid ynhelje moast. It is de bedoeling dat ien fan de âlders harren bern wer ophellet en Jort hie al oanjûn: ‘Myn mem moat wurkje, dus dy kin my net ophelje.’ Mei oare wurden: dan kin ik de tiid net ynhelje en kin ik moai mei de taksy werom. No ha wy dy ‘om derút te wrotten smoes’ wol faker by de ein hân en dêrom ha wy de ôfspraak dat in kollega dy’t yn ’e buert wennet, de oanbelangjende learling thúsbringt. Dizze kear lei it op myn rûte.
Jort wie aardich ûnder de yndruk dat hy troch ‘de teamleider’ thúsbrocht wurde soe en fûn it net sa slim mear om neibliuwe te moatten. Jort hat altiten in soad praatsjes en somtiden binne je slop fan it laitsjen, mar ja, it is ek net de bedoeling dat it in ‘plezierritsje’ wurdt, dus ik hold it gesicht strak yn ’e ploai doe’t we nei de auto rûnen. Dêr oankommen, stoppe Jort en sei: ‘Goh, ik tocht dat jo teamleider wiene!!??’ ‘Euhh ja, dat kloppet’, sei ik (noch neat fermoedzjend). Teloarsteld en ek wat ferwitend seit Jort: ‘Nou, dit falt my ôf, ik tocht dat ik yn in grutte bak stappe soe!’
Doe’t ik nei syn gesicht en myn Citroen C1 seach, koe ik myn gesicht net mear yn ’e ploai hâlde…
Johannes Haanstra

Johannes Haanstra is dosint en teamlieder spesjaal ûnderwiis, fierljepkommentator en heit fan Brend (12), Alant (10) en Mered (8).

Sliepfeest
We hiene it ferline jier al dien, dus ek dizze kear koene we der net oan ûntkomme: de 12e jierdei fan Alant moast fierd wurde mei in sliepfeest.

Help, in traktaasje!
Ast as skoalle of as âlder wurkje wolst oan de sûnens fan de bern, wat dochst dan mei al dy traktaasjes dy’t jierliks foarbykomme op skoalle? Chips, muffins, soeskes, koeken, sûkelarje en sa no en dan in stikje komkommer of woarst. Fan alles komt foarby. It falt as âlder ek net altyd ta om wat sûns én lekkers te betinken. En dêrneist moat it der hjoed-de-dei ek altyd mar moai útsjen. Hoe giet dat eins by jim op skoalle? Wy fregen it oan jim fia ús socials.