Wout (10) wol graach skriuwer wurde
Wout de Groot (10)
♥skoalle: groep 6 fan Mienskipsskoalle De Legeaën
♥dream: skriuwer wurde
♥lêst lêzen: in kaartsje fan juf
♥boek: Dolfje Weerwolfje
♥tv: Disney Channel tekenfilms
Wout wurdt grut yn in húshâlding dêr’t in protte foarlêzen wurdt. No hâldt Wout ek fan boeken lêzen. Mar sûnt syn fyfde, doe’t er letters op skoalle learde, skriuwt er sels boeken. Nûmer achttjin komt deroan.
Wout: ‘Ik begûn mei in ferhaaltsje oer Mûske Muis. Ik koe doe noch net sa goed skriuwe, mar tegearre mei mem makke ik myn earste boekje mei tekeningen. Der komme ek oare figueren yn it boekje foar, sa as Uilebuil, en Beertje. Beertje is ien fan myn knuffels en hat mar ien earm. Mar de kracht dy’t oars yn de earm sitten gongen wie, is no nei syn fuotten en nei syn brein streamd. Beertje is dus hiel sterk en superslim. Boppe, op myn keammerke, ha ik Knuffelstad boud, mei ûnder oaren in plysjeburo en in stedhûs. Dêr wennet elkenien. Yn it begjin skreau ik allinne oer myn knuffels. Allegearre hawwe sy in eigen karakter; guon binne superhelden, guon binne boef en in pear binne ek “gewoan”. Geandewei komme der ek oare figueren by.
Yn it begjin skreau ik allinne oer myn knuffels. Allegearre hawwe sy in eigen karakter.
No skriuw ik ek oer in duveltsje en meunsters, en ik ha in dieve-searje makke. De tekeningen meitsje ik der sels ek by. In strip en in krante binne der ek al. Mar dy krante, poeh wat in wurk. Dat doch ik noait wer!’ Heit en mem folje oan dat û.o. troch de tekenfilms op tv syn wurdskat útwreidet en de ferhalen feroarje. Ynienen wurde oare diminsjes, zappen, transformearjen en teleportearjen ûnderdiel fan it plot.
‘Witst wat spitich is,’ seit Wout mei in sucht, ‘dat typen… dat duorret soms mar lang. Ik sit no wol op typkursus, mar myn ideeën streame mar. Wat soe it moai wêze as ik triedsjes fêstmeitsje koe oan myn gedachten en de letters sa op it byldskerm blipe koe…’
Wolsto dyn bern ek opjaan foar de rubryk ‘Bern fan Fryslân’? Stjoer ús dan in mailtsje!
Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie
De bern fan Mantgum: Minke
Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.
De bern fan Mantgum: Twirre
Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.
De bern fan Mantgum: Jort
Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.
De bern fan Reahûs
Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.