
Thijs hat al fan jongs ôf oan lêst fan ekseem
Thijs Hoekstra (7)
♥skoalle: groep 4 fan De Tarissing yn Droegeham
♥dream: krekt sa let as heit opbliuwe
♥lêst lêzen: puzzelboekje út ’e supermerk
♥boek: Donald Duck
♥film: Vogelvlucht
Thijs hat al fan jongs ôf oan lêst fan ekseem, mar fynt dat al hiel gewoan. Thijs boartet graach mei syn autokes yn ’e wenkeamer, of mei de racebanen op souder.
Thijs hellet syn skouders op as it oer syn ekseem giet. ‘Lêst?’ freget er en sjocht syn mem oan. ‘We witte net better’, follet mem Jolanda oan. ‘Jûns foardat Thijs op bêd giet, smarre we salve op de reade plakken en moarns fan ’t bêd ôf nochris.’ ‘Ik ha in spesjale wite pyama’, follet Thijs oan. ‘Dy sit hiel strak om my hinne, sadat ik der net by kin, want nachts ûnder de tekkens begjint it te jokjen en wol ik deroan klauwe, mar oerdei tink ik der net oan.
Oerdei gean ik nei skoalle. Yn ’e klasse prate wy no oer it tema “gek”. Dat fyn ik leuk. We hawwe ek de film “Het leven van een loser” sjoen.’ In grappige film oer Bram Botermans dy’t as antyheld troch it libben stroffelet.
Nei skoaltiid en swimles is der tiid om te boartsjen. Thijs: ‘Soms gean ik mei ien mei nei hûs ta. Dan dogge we in spultsje, of gean wy op de Wii.’ Mem Jolanda follet oan dat sy it digitaal-boartsjen op de Wii, tablet of Playstation net oanmoediget.
‘Yn it wykein mei it, mar fierder besykje wy de bern te stimulearjen sels wat te betinken.’ Thijs knikt befêstigjend: ‘Ik boartsje graach mei autokes. Ik ha der wol mear as 200. Cars (fan Disney) is myn favoryt.’ Dêrnei hâldt er in lyts read autoke omheech. ‘Dit is myn moaiste. Hy hat in boost en kin it hurdste fan alle autokes. Ek sûnder boost is dit autoke de aldersnelste. As ik jierdei bin, of mei in moai rapport of swimdiploma, dan krij ik faak wat jild. Dat sparje ik op foar wer in nij autoke.’
Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Fryske kaarten
Heit&Mem hat in grut assortimint oant Fryske kaarten, lykas dizze kaart foar de swimdiploma!

Bern fan Fryslân – Dustin
Sûnt Dustin as jonkje fan in jier as 7 in filmke op YouTube beseach wêryn’t de saksofoan bespile waard, wie hy wis: ‘dat wol ik ek’. Doe’t hy dy kâns in pear jier letter krige, is er net mear ophâlden. De ‘saks’ is syn grutte passy.

Wout (10) wol graach skriuwer wurde
Wout de Groot (10)
♥skoalle: groep 6 fan Mienskipsskoalle De Legeaën
♥dream: skriuwer wurde
♥lêst lêzen: in kaartsje fan juf
♥boek: Dolfje Weerwolfje
♥tv: Disney Channel tekenfilms