Fryske apps foar bern
Der komme hieltyd mear apps by, gelokkich ék Fryske! Wy sette se allegear foar jim op in rychje.
Friese apps voor kinderen / Fryske apps foar bern
Tomke
In app fol Fryske ferskes, ferhaaltsjes en mear! Lês en boartsje mei Tomke. In nije app fol mei ferskes, filmkes, ferhaaltsjes en spultsjes. Folslein yn it Frysk!
Omrop Fryslân Tsjil-app
De Tsjil-app fan Omrop Fryslân is bedoeld foar bern oant en mei 12 jier. It hat as doel dat dizze bern yn in feilige omjouwing programma’s en filmkes sjen kinne yn de Fryske taal, taspitst op harren leeftiid.
Lytskes
Op de app Lytskes steane njoggen animearre Fryske berneferskes, dy’t earder ferskynd binne op de populêre dvd Lytskes. Sjoch mei dyn lytse nei de fleurige en werkenbere bylden, sjong mei de ferskes mei en stimulearje op in aardige manier de taalûntjouwing fan dyn berntsje!
Hantsjes yn ’e hichte
Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en 10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene lietsje geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tusken yn.
It grutte foarlêsboek
Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten, ferskes en spultsjes foar bern fan 2 jier ôf.
Wat heart wêr?
‘Wat heart wêr’ is in learsume app foar bern fan 2 jier ôf, dêr’t se boartsjendewei mei leare om foarmen te werkennen en yn ferskillende talen harren wurdskat mei fergrutsje. Op strjitte, yn ’e bistetún, yn ’e wenkeamer … Oeral misse dingen, kinsto se wer op it plak delsette dêr’t se thúshearre?
Sjoch foar mear apps foar (âldere) bern en foar Fryske apps foar folwoeksenen op taalhelp.frl.