Zoek op inhoud

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!

Ynsjoch-eksimplaar Foarlêsgids

Foarlêsgids

Foarlêsgids

Foarlêze makket de wrâld grutter, stimulearret de taalûntwikkeling en soarget foar waarme mominten mei de bern.

Mei dizze Foarlêsgids krijst in praktysk oersjoch fan alle beskikbere Fryske berneboeken, handich yndield op tema. Sa fynst altyd in passend boek – oft it no giet oer de hjerst, nei it húske gean, jierdeis, famylje, ûnderweis of ien fan de oare faak brûkte ûnderwerpen.

De gids helpt âlders, oppassers, learkrêften en biblioteken om maklik it goede boek te kiezen dat oanslút by de belibbingswrâld fan bern. Mei de Foarlêsgids wurdt foarlêzen noch leuker en tagonkliker – in skatkeamer oan Fryske ferhalen!

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling

Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

Socht: foarlêsfoto’s!

Afûk-boekpanel

Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy? Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!

Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!

Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?

Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!