Zoek op inhoud

Ik vertrek! (Mar dan wol tichtby)

It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden! 

Hendrik en Maryline hiene al in skoft de dream om it libben oars yn te rjochtsjen. Se hawwe elkoar lang lyn kennen leard yn ’e Bart Smit yn Emmeloord, dêr’t Maryline doe yn ’e wykeinen wurke. Sa kamen Fryslân en Noardeastpolder byinoar en no wenje se sa’n bytsje op ’e grins fan beide plakken. Maryline: ‘Mijn man heeft altijd in een winkel gewerkt, maar dat gaf hem op een gegeven moment geen bevredigend gevoel meer. Hij wilde liefst iets voor zichzelf beginnen. Op de dag dat hij ontslag nam, kwam dit perceel in Bantega te koop op Funda. We zijn allebei dol op het programma “Ik vertrek!” en zo hadden we daarvoor nog weleens gedroomd om naar Frankrijk of Denemarken te gaan. We beseften wel dat familie en vrienden dan wel erg ver weg zouden zijn. Nu kwam deze camping op ons pad en dat was dus: Ik vertrek! Maar dan wel dichtbij!’  

Altyd fakânsje!  

De jongste blom bliuwt noch altyd ticht by heit en mem, mar de grutste hat it gefoel elke dei fakânsje te hawwen. Dat is hearlik fansels. ‘Madelief kan lekker zelf op pad, dat is veilig hier. Ze mag niet van het terrein af en niet in de tenten en caravans komen, dat weet ze. Onze camping is gericht op mensen die kinderen hebben en ook van kinderen houden. Er is geen animatie-gedoe met schreeuwende disco’s, maar we houden wel van gezelligheid. Afgelopen Pasen zaten we met tien kindjes rond het kampvuur gezellig marshmallows te roosteren.’  

Drokte  

Maryline tinkt noch altyd mei wille werom oan dy tiid fan Bart Smit, dêr’t it om Sinteklaas en Kryst hinne natuerlik altyd tige drok wie. ‘Wij zijn dat altijd gewend geweest en wij varen echt goed op piekmomenten. Dus de paasdagen en de zomerdrukte zijn voor ons gewoon heerlijk!’ lacht Maryline. No, lit de simmer mar komme! It griene gers fan Bantegea jout rêst, romte en geselligens!  

Troch: Marieke Vinckers 
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover