Zoek op inhoud

Fryske sliepferskes / Friese slaapliedjes

Ier of let moatte alle berntsjes ris in kear op bêd. En dêrby heart fansels in moai sliepferske. Watfoar ferske song dyn mem altyd? En watfoar ferske sjonge jim no foar jim bern?

Om te sjongen foar it sliepen:

Slaap kindje slaap in het Fries

Sliep, popke, sliep,
dêr bûten rint in skiep.
Dêr bûten sjongt in bûnte ka.
Popke doch dyn eachjes ta.
Sliep, popke, sliep!

Sliep, popke, sliep,
jim heit dat is in skiep.
Dan sjongt er nachts oan’t widzetou,
slip popke, sliep mar gau.
Sliep, popke, sliep.

Lytse poppe

Lytse poppe,
doech, doech, doech.
Lekker koese, lekker koese.
Lytse poppe,
doech, doech, doech.
Lekker koese, do bist sloech.

De Friese versie van ‘Ik ga slapen ik ben moe’

Ik sil sliepe leave Hear,
en ik doch myn hantsjes gear.
‘k Freegje oan d’ein fan dizze dei
oft … lekker koese mei.

Lear my, Hear om ris te sjen,
nei de earme en sike bern,
dat ik net allinne sjoch
mar ek wat foar harren doch.

Hâld yn ’t tsjuster fan ‘e nacht,
as ik sliep, oer my de wacht,
dat ik op ‘e nije dei
sûn wer wekker wurde mei.

Amen

Suze nane poppe

Suze nane poppe
’t kealtsje leit yn ‘e groppe.
Heit en mem sa fier fan hûs,
dy kinne wy net beroppe.

Betekenis Suze nane poppe:
Suze nane poppe : Stil maar, wiegenkindje.
’t kealtsje leit yn ‘e groppe: het kalfje ligt in de greppel/ mestgoot
Heit en mem sa fier fan hûs: Vader en moeder zo ver van huis
dy kinne wy net beroppe: die horen ons niet roepen.

Sliep no mar lekker

Sliep no mar lekker, doch dyn eachjes ta.
Moarns sille wy wer alle wille ha.
Efkes harkje nei myn sankje.
Efkes streakje oer dyn wankje.
Sliep no mar lekker, doch dyn eachjes ta.
Moarn sille wy wer alle wille ha.

(Hindrik van der Meer)

Fryske opsisferskes foar it sliepen

Lekker koese lytse bear

Kom wy kuierje in eintsje. Lekker koese lytse bear.
Sliep mar lekker yn dyn weintsje. Lekker koese lytse bear.

(Troch Geartsje Douma)

*

Hûntsjes sliepe yn in koer

Hûntsjes sliepe yn in koer, hintsjes op in stokje.
Kokes sliepe op in stâl, barchjes yn in hokje.
Mar do, tút op dyn holtsje. Mar do, tút op dyn hantsje:
do sliepst yn in ledikantsje.

(Troch Hindrik van der Meer)

*

In ferske foar it sliepen
in ferske foar de nacht
in ferske om te dreamen
yn wurden waarm en sacht.

*

Lampke oan

Lampke oan
Lampke út
Lekker sliepe
Dikke tút!

Op bêd

De dei is om, op bêd no kom.
Gean mar lekker sliepen.
Bearke derby, in tút dernei.
Gean mar lekker sliepen.
De eachjes ta, in tomke ha.
Gean mar lekker sliepen.

(Troch Cobi Tilstra út it boekje Wimpeltsje Pimpeltsje, 1993)

*

Sliepferske

Bedsje iepen, gau deryn.
Lekker sliepe, knuffelknyn!
Net mear prate,
no hiel stil… (ssst)
HOEAAA (lûd gapje)
‘k Tink dat ik gau sliepe sil.

(Troch Auck Peanstra)