
Benthe is sljocht op wetterpolo
Benthe Groendijk (13)
♥1e klas fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé
♥dream: kampioen wetterpoloster
♥lêst lêzen: what’s app
♥boek: 28 dagen, David Safier
♥film: the Hunger Games
Benthe is sljocht op wetterpolo. Al goed seis jier swimt sy by ZV Middelsé-De Skelp yn Stiens, yn in team fan jonges en famkes. Benthe fertelt hjir oer har hobby, skoalle en wat se fierder graach docht.
‘Ik train fjouwer kear yn ’e wike en dat fyn ik hearlik. It is aktyf en ik kin der myn enerzjy hielendal yn kwyt. Om’t wy sa’n soad traine, en elkoar dus ek faak sjogge, ha ik hjir ek freonen makke. Dat hat syn foardielen: se binne allegearre sportyf! Ik fyn wetterpolo hiel leuk, mar soms giet it der ek minder sportyf oan ta. Meist elkoar net ûnder wetter lûke, mar dat wol net sizze dat soks yn in wedstriid net bart. As de skeids soks by de tsjinpartij wol registrearret, mar net fluitet, fyn ik dat fet stom en kin ik behoarlik nidich wurde. Fansels doch ik it sels ek wol ris, mar dan as de skeids net sjocht.
It trainen is in grutte útlaatklep.
It trainen is in grutte útlaatklep en it hat my ek holpen yn tiden dat ik net goed yn myn fel siet. Op de basisskoalle wie ’t yn it lêst oan net altyd like gesellich en ik wie bliid dat ik doe ek nei wetterpolo koe. De nije skoalle wie in opluchting. Ik koe earst hast gjinien fan myn nije klasse. Gelokkich feroare dat gau, en ha ik it hjir op myn nije skoalle no hartstikke nei ’t sin.
Mar dizze wike ha we fakânsje, ek fijn! Dan betinke we thús mei syn allen wat leuks. We gean in kear nei de bios, te swimmen of nei in Indoor trampolinepark. As ik frij bin, en ik hoech neat, dan lês ik graach in boek út de byb. Ik hâld fan spannende detectives, mar ek wol fan fantasy. Lêsten ha ik op Netflix de fjouwer ôfleveringen fan de Hunger Games sjoen en no draait de fyfde yn Pathé. Dy soe ik ek wol sjen wolle. Wat ik noch mear leuk fyn? Appe mei freondinnen fansels.’
Troch: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Bern fan Fryslân – Dustin
Sûnt Dustin as jonkje fan in jier as 7 in filmke op YouTube beseach wêryn’t de saksofoan bespile waard, wie hy wis: ‘dat wol ik ek’. Doe’t hy dy kâns in pear jier letter krige, is er net mear ophâlden. De ‘saks’ is syn grutte passy.

Wout (10) wol graach skriuwer wurde
Wout de Groot (10)
♥skoalle: groep 6 fan Mienskipsskoalle De Legeaën
♥dream: skriuwer wurde
♥lêst lêzen: in kaartsje fan juf
♥boek: Dolfje Weerwolfje
♥tv: Disney Channel tekenfilms