Fryske lesbrieven
Wolst wat mear dwaan mei in boek as allinne foarlêze? Hjirûnder fynst in oersjoch fan alle Fryske lesbrieven, mei alderhanne suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen.
Wolst wat mear dwaan mei in boek as allinne foarlêze? Hjirûnder fynst in oersjoch fan alle Fryske lesbrieven, mei alderhanne suggestjes foar aktiviteiten by it foarlêzen.
De measte lesbrieven binne makke foar de ‘Nationale Voorleesdagen’, dy’t jierliks yn jannewaris plakfine. Yn dy lesbrieven fynst in Fryske oersetting fan it Nederlânske printeboek fan dat jier.
Besjoch hjir alle Fryske berneboeken dy’t passe by it tema fan dit jier van de ‘Nationale voorleesdagen’.
Lekker foarlêze!
In eksterpear bout in nêst foar harren prachtige aaikes. Al gau miene se dat in gewoan nêst net goed genôch is en se komme mei fan alles en noch wat oansetten, it spul wurdt hoe langer hoe grutter, sels in auto wurdt nei it nêst tôge, oant…In hearlik printeboek oer wat tefolle rommel docht…
Elke âlder werkent it: gau efkes ynstopje, okee dan noch efkes in ferhaaltsje, mar koart … en dan begjint it.
Dit printeboek is net allinnich om foar te lêzen.
Ek as gearlêsboek is it in feest: it mei-inoar boartsjen tusken de hastige folwoeksene en it bern dat him of har útlokt noch fierder te fertellen, sil in soad fleurichheid opsmite. Tjibbe Veldkamp skreau in ferhaal dat nea út is. In oade oan de fantasy en de betsjoenende krêft fan ferhalen: it ideale boek foar elk bern dat nea genôch foarlêzen wurde kin.
In prottelboek om fleurich fan te wurden!
Eend is prottelich. Har fiver is opdrûge en der is gjinien dy ’t mei har spylje wol. Alteast… Dat fynt sy.
Want se wol net gatten grave mei hûn.
Net mei Varken yn de modderpoel.
Net kraaie mei Haan. Net soeze mei Schildpad.
Net in lekker hapke ite mei Geit.
Dus…