De basis
Sûnt trijekwart jier is der in man yn myn libben. Sûnt ús earste date dêr oan it Meerkoetstrân is er net mear wei te tinken. Ik sjoch him noch myn kant op rinnen yn syn Bonnie “Prince” Billy-shirt en mei syn gitaar op ’e rêch.
It is in skriuwer, en nei ús twadde date, doe’t er nei in konsert fan Meindert Talma yn syn eigen buske sliepe moast fan my, ergens fierderop yn de wyk, fyn ik de oare deis in boek fan him op ’e matte. Der falt in briefke út. ‘Wat is dit mem?’ Teije hat de leave wurden yn ’e hân. Hjir thús ôfprate woe ik earst net ‒ om Teije.
It presize momint wêrop’t Igor hjir oer de flier kaam, wit ik net mear. Wol hat it in skoftke duorre foardat Teije him talitte koe.
It skeelde dat hy sa no en dan syn leuke dochter meinaam, dêr’t Teije fuortendaliks in klik mei hie, mar hy hold in slach om ’e earm. Dat wist ik en seach ik as mem.
It wie yn desimber. We soene nei de krystmerk. We hiene de jas al oan en stiene klear om dy kant op te gean. Teije stiet foar de boekekast en pakt it boek derút dat ik kriich nei de twadde date. It briefke hâldt er foar him út.
‘Wat staat hier ook alweer, mem?’
Ik gean troch de knibbels en lês de tekst foar. ‘Ik tink dat Igor mem wol echt heel leaf fynt’, sis ik.
Teije sjocht my oan en dan draait er him om nei Igor. Hy jout ’m foar it earst in krûp.
We rinne nei de krystmerk en Teije pakt net allinne myn hân, mar ek dy fan him.
Sa no en dan komme ús libbens byinoar en ha we de dynamyk fan in gesin. Dêr genietsje we alle fjouwer fan. It jout it libben kleur.
Mar faak genôch binne wy tegearre. Dan sliept Teije nêst my yn it grutte bêd. Foar it sliepen gean kletse we oer wat leuk en net leuk wie dy deis. We meitsje grapkes en stoeie foar de lêste kear. We sizze leave dingen en slute de dei ôf.
‘Wat der ek gebeurt mantsje, ik bliuw der altyd.’
‘Behalve als je doodgaat toch, mem.’
Oant dy tiid kinsto rekkenje op my. Want de basis, dat binne wy.
Sjoukje de Boer
Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem.
Sjoukje de Boer makket ek prachtige yllustraasjes. Sjoch ris op har instagram: @sjoukje.deboer
En se hat foar de Afûk ris moaie filmkes mei dochplaten makke. Foar elkenien fergees te brûken!
Blau
Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom.
Tegearre hjir
Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.
Pake
Mei de elektryske miggeklapper pak ik in neef.
‘Dea’, sis ik. Mei ik sjen? Teije springt op fan de bank en sjocht nei de neef.
Is dy echt dea? ‘Ja’, sis ik. Ik klopje de miggeklapper út yn de pedaalamer. De neef falt op in stik keukenpapier. It deksel falt ticht.