It nije nûmer fan Heit&mem is der wer – fol mei ynspiraasje, ferhalen en fleurige bernepraatsjes foar alle heiten, memmen, pakes, beppes en oppassers fan bern fan 0 oant 12 jier. En it moaiste fan alles: it blêd is hielendal fergees!
Yn dit nûmer:
❄️ In moaie wintergelok-poster om út te knippen 🏡 Ynterviews mei bern út Gytsjerk – oprjocht, grappich en ferrassend 💞 Bonusâlders anno 2025, hoe giet dat? ❤️ Oer hoe’t Naomi in twadde thús fynt by in steungesin 🎨 Ynterview mei berneboeke-skriuwster Mirjam van Houten 🎣 Ynstjoerde foto’s fan fiskjende bern 🚂 Gesellige útstapkes yn Fryslân fan Kidsproof 👶 Oer hoe’t je mei in ‘moeder-geassisteerde keizersnede’ sels dyn poppe út de búk tille kinst 🫄🫄 Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting 💊 Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat? 👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje. 🎨 Nifelje mei boekelizzers – kreative knutselwurkjes fan Cheryl 📚 De nijste en moaiste Fryske berneboeken!
En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!
Op de cover fan dizze heit&mem stiet Ella Mare Reijenga (5) út Snits. Se wennet dêr mei har heit, mem, suske Mayra Bo en har kat Loes. Ella is gek op dûnsjen, turnen, sjongen en Kinderen voor Kinderen. Bûten fytst se graach en se mei ek graach boatsjefarre of yn ’e tún boartsje. Thús kiest se it leafst sels har klean út (soms trije outfits op in dei!). Ella Mare is sljocht op knakwoarstjes, patat en mango’s. De fotoshoot foar heit&mem fûn se geweldich – foaral om’t fotograaf Sjoeke sa’n soad grapkes makke. En no op de cover? Ella sei mar ien ding: ‘Fet cool!’
Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…
‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.
Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.
Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.
Bern en bakke – in gouden kombinaasje! Wy sykje foto’s fan bern mei moal oan ‘e fingers, in grutte laits op it gesicht en fansels wat lekkers yn ‘e oven. Hast sa’n momint fêstlein?
Upload hjir dyn favorite bakfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn de online edysje fan it tydskrift ‘heit & mem’!
Hasto in lytse fisker thús dy’t mei grutskens syn earste fangst sjen lit. Of in bern dat fol konsintraasje mei it angeltsje oan’e wetterkant sit te kueren? Wy binne op syk nei de moaiste, grappichste en leafste foto’s fan basisskoallebern dy’t oan it fiskjen binne – of fansels krekt dy iene fisk fongen hawwe!
Upload hjir dyn favorite fiskersfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn it tydskrift ‘heit & mem’!
Op basisskoalle De Bonkelder yn Wytmarsum stiet in juf foar de klasse dy’t mear docht as lesjaan allinnich: juf Sieuwke Rijpma libbet it Frysk. En dat fiele de bern fan groep 7 en 8 oan alles. ‘It is mear as in fak, it is in gefoel’, seit se.
Baukje Snieder is ynterieurstyliste/ûntwerpster en dosint op de oplieding Styling Design by Firda. Dêrneist stekt sy in soad tiid yn it dielen oer har wurk en libben op Instagram (@baukjesnieder), mei mear as 20.000 folgers! Sy is no 19 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.