Zoek op inhoud

Sa lêze wy thús: Baukje Snieder

Baukje is troud mei Wymer. Soan Mads is yn maaie 3 jier wurden en yn juny krijt Mads in lyts broerke.

“Foarlêzen is foar ús hiel belangryk. Alle jûnen foar it sliepen gean mei Mads twa boekjes kieze dy’t wy tegearre lêze. Soms ‘lêst’ hy ús foar yn syn eigen taal ‒ hy kin fansels noch net lêze – en dat is sa moai om te hearren! It is foar ús echt in momint mei syn twaen, wy genietsje dêr allegear fan. Wy lêze eins altyd yn it Frysk foar, omdat wy it belangryk fine dat hy de Fryske taal goed meikrijt. Wy ha dan ek in soad Fryske printeboeken. Mar ek de Nederlânske boeken lêze wy hast altyd foar yn it Frysk, dat giet eins automatysk. It is ús memmetaal, dêr kinne myn man Wymer en ik ús beide it bêste yn uterje. Ik bin dêrom bliid dat Wymer ek Frysk is, ik tink dat it dochs in bysûndere bân skept ast deselde memmetaal mei-inoar prate kinst.

Wy lêze eins altyd yn it Frysk foar, omdat wy it belangryk fine dat hy de Fryske taal goed meikrijt.

Wymer en ik bringe Mads om beurten op bêd. Dy’t him op bêd bringt, lêst him foar. It makket Mads neat út wa’t him foarlêst. Wy lêze beide ek wolris lekker oerdreaun foar, dan is er slop fan it laitsjen! Us favorite boeken binne ‘Kom út dy kraan!!’ en ‘De Gruffalo’. It earste boek sit sa’n leuke draai yn. Doe’t wy dat foar it earst liezen, wiene wy sa ferrast: ‘Dat ha ik hielendal net sjoen!’ Geweldich betocht! De Gruffalo is in boek dat op rym skreaun is, dat lêst lekker foar. It is in spannend en aventoerlik boek. It moaiste fan it foarlêzen oan Mads fine wy dat hy der dan hielendal foar sitten giet, mei oandacht lústert en dan ek krekt ûnthâldt wêr’t it ferhaal oer giet. Dan fertelt er it ferhaal bygelyks de oare moarns oan ús op syn eigen manier en dat is prachtich! Ek fernimme wy dat it hiel goed foar syn wurdskat is. Dan komt er ynienen wer mei in nij wurd dat yn ien fan de boeken stie; dat makket jin as âlders dan wol grutsk hear, dat er dêr al safolle fan opstekt!”

Tekst: Wytske Bouma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Boekresinsje ‘Wêr is myn skaad’ troch Sytske Anne

Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!

Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?

Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!

taalkado

Alders krije nij Taalkado by oanjefte fan in berte

Dizze wike is it nije Taalkado ferskynd, dat útdield wurdt oan âlders dy’t yn in dielnimmende gemeente oanjefte dogge fan de berte fan harren poppe. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân it bertegeskink al út. It Taalkado sit fol aardige en edukative produkten, dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal en meartalich opfieden. It projekt wurdt yn 2025 en 2026 op ’e nij útfierd troch de Afûk.

Byinoar sliepe yn it famyljebêd

De minske is eins it iennige sûchdier dat syn bern yn in oare keamer sliepe lit. Der binne lykwols hieltyd mear âlders dy’t de kar meitsje om wer byelkoar te sliepen. Op ús Facebook-berjocht mei de fraach wa’t thús in famyljebêd hat, krige heit&mem hast twahûndert reaksjes! Fan: “Ben je gek? Dan doe ik geen oog dicht!”, oant: “Wij koese lekker byelkoar!”

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine