Zoek op inhoud

Boekresinsje: ‘Sipke sjocht stjerkes – Sipke ziet sterretjes’ troch Sieta de Vries

Yn it boek Sipke sjocht stjerkes giet it oer it mûske Sipke dat in skoalprojekt hat oer planeten. Mei pake giet er dêrom nei it Planetarium fan Eise Eisinga ta. Dêr sjocht er it plafond mei planeten en stjerren. Sipke stroffelet dêr raar, rekket út ’e tiid en sjocht letterlik stjerkes; dan komt Eise Eisinga nei him ta en geane se tegearre op ferkenning troch it hielal, dêr’t er stjerrebylden en planeten sjocht. Uteinlik komt Sipke wer by en hat er, trochdat er eefkes út ’e tiid wie, in goed idee krigen foar syn skoalprojekt: ferklaaiersklean meitsje mei him as de sinne en de klasgenoaten as planeten deromhinne.

Mare (8 jier) fûn it boek moai, omdat it hielendal oer it Planetarium giet en sy dêr ek al in pear kear west hat! Sy koe yn de tekeningen goed sjen dat it echt op it Planetarium liket! Dêrneist fûn se it in grappich ferhaaltsje op rym mei in soad ynformaasje oer it Planetarium, mar it wie wat har oangiet wol wat in koart ferhaal. Sy hie der noch wol mear oer lêze wollen. Gelokkich sitte der achter yn it boekje noch stikjes tekst oer ûnder oaren Eise Eisinga, it Planetarium en it sinnestelsel.

Sy fûn it moai dat se it boekje sels goed lêze koe yn it Frysk en yn it Nederlânsk; dat is dus ek goed te dwaan foar in bern. Mare seit ek tsjin alle bern, heiten en memmen of pakes en beppes: lês it boekje en besykje dêrnei it Planetarium ek, lykas sy ek dien hat mei har pake en beppe en skoalle. Dat is echt ynteressant om te dwaan!

Dus: al mei al binne wy, Mare en har mem, entûsjast oer it nije boekje fan Sipke! Wy hoopje dat Lida Dykstra noch mear fan sokke boekjes skriuwe sil en Hanne Snel der dan ek wer sokke moaie tekeningen by makket.

Sipke fynt it mar dreech om in wurkstik oer planeten te meitsjen. Dêrom nimt pake Pipermûs him mei nei it Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer. Tegearre ûntdekke se hoe’t it sit mei it sinnestelsel… en de romte dêr foarby.

Alwer it 8e diel yn de rige oer Sipke de pipermûs. Twatalige edysje (Nederlânsk en Frysk) yn gearwurking mei Utjouwerij Rubinstein.

Boekresinsje ‘Sipke ziet sterretjes – Sipke sjocht stjerkes’ troch Marrit Tjalma

Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…

Muziektherapie bij een taalontwikkelingsachterstand – Roans verhaal

Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda

Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.

Hyltje: Sa lêze wy

Hyltje Bosma: “Al sûnt Abe krekt 1 jier wie, lêze wy alle jûnen foar it sliepen gean in ferhaaltsje. Sûnt koarten kin dat lekker op it “grutte bêd” yn syn nije junglekeamer. In momintsje fan rêst en lekker krûpe mei heit of mem. Abe mei sels it ferhaaltsje kieze. Op it stuit binne it boekje fan Tomke en de bijen en it ferhaaltsje fan Dropke en Mintsje út It Grutte Foarlêsboek favoryt.