Ferneamd: Lewyna
Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.
Lewyna hat net allinnich myn namme krigen, mar ek de namme fan har oare beppe: Dinie. Dat fyn ik ek hiel bysûnder. It makket har namme hiel eigen.
Ik bin sels net ferneamd nei ús beppe. Us beppe hjitte Lieuwkje, mar om’t der al safolle Lieuwkjes yn ’e famylje wienen, hawwe ús heit en mem keazen foar wat oars. Us mem fertelde my altyd dat der eartiids in famke by har yn ’e klasse siet dat Lewieneke hiet. Dat fûn ús mem in prachtige namme. Dus doe’t ik berne waard, waard ik in Lewyna. Ik bin noch altyd hiel wiis mei myn namme. Ik moat him wol faak staverje, mar dat doch ik graach.
Oft Lewyna en ik opelkoar lykje? Ik tink it wol. Wy binne beide kreatyf. Wy kleurje graach en binne oanpakkers. Ik mei bygelyks graach fervje en behingje by ús thús, dat doch ik allegearre sels. En wy binne beide echte bûtenminsken. By ús op it hiem hat Lewyna bygelyks it fytsen leard sûnder tsjiltsjes. Wy wenje moai bûtenút yn Ingwierrum, dus dêr komt gjin ferkear. It perfekte plak om it fytsen te learen.
Namme: Lewyna Jelsma
Berne op: 19 septimber 1970
Wennet yn: Ingwierrum
Namme beppesizzer: Lewyna Dinie de Vries
Berne op: 12 septimber 2018
Wennet yn: Kollum
Betsjutting: Bliksemflits
Ik ha gjin fêste oppasdei, mar wy sjogge elkoar alle wiken wol. Ik bin ien fan ‘rap efkes om it hoekje sjen’. En Lewyna komt geregeld in nachtsje by ús útfanhûs. No’t Lewyna mei har heit en mem en bruorke yn Kollum wennet, gean wy ek wolris efkes tegearre te shoppen. Wy hâlde beide fan moaie klean, mar úteinlik komme wy dan mei hiel wat oars thús. Ferline wike ha wy bygelyks âlderwetske prikkaarten en in prikpinne kocht. Middeis ha wy hearlik oan de keukentafel sitten te prikken.
Lewyna en ik hawwe mar in wike nei elkoar ús jierdei. Ferline jier ha wy ús jierdei tegearre fierd, mei in grut springkessen yn ’e tún. Dat wie gesellich mei de hiele famylje. Yn totaal ha wy no seis pake- en beppesizzers. Dêrfan binne der twa famkes dy’t Lewyna hjitte, want de alderearste beppesizzer hjit Demi Lewyna Tjitske. Prachtich, net?’
Tekst: Nynke van der Zee
Foto: Hippe Kiek Fotografie