Op basisskoalle De Bonkelder yn Wytmarsum stiet in juf foar de klasse dy’t mear docht as lesjaan allinnich: juf Sieuwke Rijpma libbet it Frysk. En dat fiele de bern fan groep 7 en 8 oan alles. ‘It is mear as in fak, it is in gefoel’, seit se.
Der stiet mar in healoere Frysk yn ’e wike op it programma, mar dat hâldt Sieuwke net tsjin. ‘As learkrêft kinst sels in soad útdrage. It giet net allinnich om wat der op papier stiet, mar benammen om dyn hâlding. Bin ik posityf oer it Frysk, dan nimme de bern dat oer.’ Dêrom praat se op it skoalplein Frysk mei de bern, skriuwt se Frysk nei Fryske âlders, en pleatst se geregeld in Frysk berjocht op Social Schools. ‘De bern witte dat ik hiel Frysk bin’, laket se.
Wylst se yn de klasse Nederlânsk praat, giet it bidden oan it begjin en ein fan de dei yn it Frysk. ‘Fan it begjin ôf oan wist ik al: ik kin net bidde yn it Nederlânsk. Dat is in gefoel. It Frysk past dêr foar my gewoan better by. Dat komt út it hert.’
De Fryske lessen wurde faak ynfolle mei help fan it tydskrift Tsjil. De bern lêze, sjogge filmkes en dogge spultsjes mei de wurden dy’t se tsjinkomme. ‘At wy in nije Tsjil krije, lit ik se altyd it alderdreechste wurd opsykje. Dat komt dan op it digiboerd. Ien diktearret it, de rest skriuwt it op. Fout? Dan moat dejinge dy’t it wurd diktearre hat, it sels goed opskriuwe.’ Sa leare de bern fan en mei elkoar. En ja, sels in simpel wurd lykas ‘yn’ wurdt wolris skreaun as ‘ien’. Dat jout oanlieding foar in les oer klankgroepen en stavering.
Yn de koroanatiid begûn Sieuwke mei Fryske musicalprojekten. Mei teksten út it BerneIepenloftspul en út de ‘Praat mar Toaniel!’-boekjes fan de Afûk makke se in eigen ferzje dy’t se mei de bern spile en filme. ‘Dat wie in grut sukses, en no dogge wy dat alle jierren.’
Foarich jier brochten se ‘It Swurd út de stien’ (basearre op ien fan de leginden oer Kening Arthur) nei Boalsert – letterlik. ‘We ha filme yn it stedhûs en op oare moaie plakken yn de stêd.’ Groep 7 docht ek al mei, mei lytse rollen en groep 8 hat de grutte rollen. It oefenjen dogge se net ûnder de Fryske les, mar oan ’e ein fan de dei. ‘Se witte: as we goed wurkje, dan meie we oan ’e ein fan de dei oefenje. Dêr dogge se harren bêst foar.’ Ek bern dy’t it Frysk net fan hûs út meikrije, kinne meidwaan. ‘Ik set de teksten oer, mar dit jier ha wy in musical dêr’t ek Nederlânske rollen yn sitte: “Sake”, nei “Sjakie en de Chocoladefabriek”. Dy rollen jou ik dan oan de bern dy’t it Frysk minder goed behearskje.’
Har favorite Fryske skriuwer is Eppie Dam. ‘Syn boeken binne tagonklik foar bern, mar ek de teksten foar folwoeksenen binne moai, mei in soad djipgong. En foar de lytskes: Hindrik van der Meer! Dy ferskes bliuwe hingjen. Jierren letter freegje bern dêr noch om.’ Wat juf Sieuwke oanjaan wol? ‘It giet net allinnich om lessen, mar om hoe’tst tsjinoer it Frysk stiest. Bern fiele dat oan.’ En dan, resolút: ‘It Frysk moat net ferdwine út de klasse.’
Tekst: Binnita Poelman
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Frysk yn ’e klasse: CBS De Sprankeling
Joukje Hamersma is juf fan groep 1 en 2 op CBS De Sprankeling yn Damwâld. Joukje: ‘Ik fyn Frysk geweldich! Wy ha dan ek alle freeds “Fryske freed”, dan jouwe wy de hiele dei yn it Frysk les.

De bern fan Reahûs
Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.

Frysk yn ‘e klasse (Feanwâlden)
Rinskje Braaksma is juf fan groep 5 opde OBS Dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. De skoalle is krekt wer sertifisearre as trijetalige skoalle. Juf Rinskje stiet op trije dagen foar de klasse, mar is op de oare dagen ek oan it wurk. ‘Dan wurkje ik “boppeskoalsk” om it meartalich ûnderwiis binnen Roobol noch better op de kaart te setten.’