Zoek op inhoud

Yn ferwachting Baukje Snieder

Baukje Snieder is ynterieurstyliste/ûntwerpster en dosint op de oplieding Styling Design by Firda. Dêrneist stekt sy in soad tiid yn it dielen oer har wurk en libben op Instagram (@baukjesnieder), mei mear as 20.000 folgers! Sy is no 19 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.

‘Dat moaie boekerak mei al dy Fryske berneboeken op ’e foto stiet op Mads syn keamer. Ek de Nederlânske boeken lêze wy hast altyd foar yn it Frysk. Wy fiede Mads – en aansen ek syn broerke ‒ Frysktalich op. Dat giet eins as fansels, om’t wy beide Frysk binne, en wy binne hiel grutsk op ús taal. Ik bin bliid dat myn man ek Frysk is, want kinst dy dochs it bêste uterje yn dyn memmetaal. Mads is o sa grutsk dat er grutte broer wurdt. Hy is him, mei syn noch mar 2,5 jier, dêr dochs al hiel bewust fan. Elke moarn krûpt er noch efkes by ús yn bêd, dan jout er earst heit en mem in tút en dêrnei moat de poppe in tút. Hy sei ek fan it begjin ôf dat er in broerke krije soe en dat blykt ek sa te wêzen. Wy hoopje dat se in soad oan inoar ha sille.

Dat der no al in lyts mantsje omrint, makket dizze swangerskip fansels al wat swierder as de earste. Doe gie ik eins sjongend troch de hiele perioade hinne. No ha ik de earste 17 wiken hiel mislik west, sa bot dat ik oan de medikaasje moast. Ik hoegde net te spuien, mar ik bleau mislik. Ik woe my net samar siik melde, dat ik bin al dy tiid trochwurkjen bleaun. Foar in klasse stean mei mear as tritich studinten, nei minsken ta om ynterieuradvys te jaan én alle dagen kontint meitsje foar Instagram, dat wie soms wol pittich! Mar ik moat sizze dat it ek wol wer went ast dy sa fielst. Ik bin in boeredochter, dus ik ha dat ek wol meikrigen fan thús: ik bin in trochsetter. Mar gelokkich fiel ik my no goed, sûnt twa wiken. Myn man koe ek merke dat ik wer mear de âlde wie, want ik hie alwer allegear potten ferve besteld en alles kaam wer foar it ljocht! De foarige kear wie de bernekeamer mei 18 wiken al klear, no moat ik noch begjinne. Mar ik ha der in soad sin oan; as styliste mei ik dêr fansels graach mei dwaande wêze.

It soe moai wêze as de befalling wol wat itselde giet as by Mads. Yn seis oerkes tiid wie hy der! Ik woe doe graach yn it sikehûs befalle en ek doe’t ik thús al acht sintimeter ûntsluting bliek te hawwen, ha wy der dochs foar keazen om noch nei it sikehûs te gean. It gie allegear hiel flot. Mei dy ûnderfining soe ik no wol thús befalle wolle. Mar dat litte wy noch ôfhingje fan hoe’t de rest fan de swangerskip ferrinne sil. Wy binne der dan ek hiel wiis mei en tankber foar dat wy wer in berntsje krije meie. It is net altyd fanselssprekkend en dêr binne wy ús o sa bewust fan!’

Tekst: Wytske Bouwma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Sa lêze wy thús: Baukje Snieder

Baukje is troud mei Wymer. Soan Mads is yn maaie 3 jier wurden en yn juny krijt Mads in lyts broerke.

De Reinbôge-famylje fan De Rottefalle

Heit&mem: de namme fan dit tydskrift is op in hiel soad húshâldingen fan tapassing. Mar der binne fansels ek folop farianten. Heit&heit. Of mem&mem. Jinke en Maaike-Jelle heakje dêr graach noch in fariant oan ta: mem&mapa.

Babygedrach by boarstfieding

Troch boarstfieding te jaan folgest it ynstinkt fan dyn berntsje. Ek it liif fan de mem docht automatysk it goede. Dochs wol it soms net of is it gewoan handich om mear te witten. Laktaasjekundige Marije Bosma fertelt oer normaal babygedrach by boarstfieding. ‘Troch sinjalen te herkennen kinst dyn berntsje better helpe.’

Die allesbepalende eerste indruk (geboorte in kaart)

Wist je dat de manier waarop je geboren bent invloed heeft op de manier waarop jij in het leven staat? Als je weet hoe de zwangerschap en bevalling is geweest, begrijp je beter waarom iemand bepaalde dingen doet zoals hij of zij ze doet. Dat stelt geboortetraumaconsulent Jantina van der Valk (32) uit Deinum. ‘Dy earste yndruk is bepalend foar de rest fan dyn libben.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #11

De Lytse heit&mem is spesjaal makke foar it Taalkado. Yn dit nûmer giet it oer sliepferskes, boarstfiedingstips, oer hoe ast dyn lytse poppe it bêste fêst hâlde kinst en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine