
Ferneamd: Jelle
‘Jelle jr. sit no al elke dei yn ’e kroech!’
(Fan pake, dus dat mei wol…)
Namme pake: Jelle Huisma
Berne op: 1 augustus 1960
Wenplak: Twizel
Namme pakesizzer: Jelle Huisma
Berne op: 23 febrewaris 2024
Wenplak: Twizel
Betsjutting namme Jelle: ‘weardefol, kostber’
No, weardefol is er, de lytse Jelle! Hast alle dagen komt it jonkje mei syn mem Hester nei it kafee fan pake. En wa’t Twizel ken, ken Café Twizel. Of better sein: ‘Café Jelle Joep’! Dy twadde namme fan pake Jelle is gjin ferneaming hear, it is syn bynamme, jûn troch stamgasten fan eartiids. En sa stiet it kafee dus bekend yn ’e omjouwing. As Hester mei har soantsje delkomt, drinkt sy dêr in bakje kofje en dan hawwe Jelle en Jelle it der efkes oer oan ’e bar. Jelle jr. óp ’e bar fansels.
Yn dizze moderne tiid hie pake Jelle eins net ferwachte dat er ferneamd wurde soe. Wol hope! ‘It fielde moai. Ja, ik wie wol grutsk. Der binne wol oare Jelles yn ’e famylje, mar no is it fan myn eigen bern, dat is wol ekstra bysûnder.’
‘Jelle jr. sit no al elke dei yn ’e kroech!’
(Fan pake, dus dat mei wol…)
Yn febrewaris is Jelle 1 jier wurden. As er by pake is, dan prate se boartsjendewei meielkoar. Pake fynt wier alles leuk oan Jelle: ‘Hy is sa’n moai, bliid en noflik jonkje!’ Beppe fûn dat ek. Se wie supergrutsk op lytse Jelle. Se wie gek op bern en woe alle dagen wol oppasse!
Sûnt beppe weirekke is, ôfrûne maart, past pake net mear op. Dat diene se altyd tegearre. Miskien komt dat yn ’e takomst wol wer, mar it is no wol dreech. Pake soe wol wer nei de dieretún, de pankoeketrein of boarterstún wolle mei de pakesizzers (der binne noch twa en der is noch ien ûnderweis!), mar dat duorret noch eefkes. As hy Jelle wat tawinskje wol, is dat alle lok en sûnens!
Skriuwer: Marieke Vinckers
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Fjouwer generaasjes: de mannen De Jong
‘Wy hâlde fan in praatsje en dogge op feestjes graach it ljocht út. Stel je foar dat in oar dat dwaan moat.’

Sliepfeest
We hiene it ferline jier al dien, dus ek dizze kear koene we der net oan ûntkomme: de 12e jierdei fan Alant moast fierd wurde mei in sliepfeest.

Wiepie van der Veen – Fries om utens yn Sweden
Friesland är i mitt hjärta, Sverige är mitt hem!
Fryslân sit yn myn hert, Sweden is myn thús!
Wiepie van der Veen wennet mei har man Hendrik en harren famke Hanne (9) sûnt de simmer fan 2024 yn it noarden fan Sweden, yn Boden, en wurket as HR-spesjalist.
‘Wy binne wâldpiken: ik kom út Mûnein en Hendrik út Bûtenpost. De nochtere blik fan de Friezen is hast ien op ien gelyk mei de mentaliteit fan de Noard-Sweed’, fertelt Wiepie.