Zoek op inhoud

‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.

‘Bist fallen, leave? Kom mar efkes hjir’, seit juf Sissy de Vries-Wobbes wannear’t in jonkje gûlend de klasse ynkomt. ‘Sil ik wat toversalve op dyn knibbel dwaan? Dan giet de pine sa wer oer.’ It jonkje krûpt by har op skurte en de triennen drûgje al gau wer op. Sissy is al mear as tritich jier kleuterjuf. ‘Ik haw echt it moaiste berop fan de wrâld. Nei seis wiken simmerfakânsje bin ik altyd bliid om in klaslokaal fol skoalbern te hawwen.’ 

Yn har klasse hearst de hiele dei Frysk en Nederlânsk trochinoar hinne.

De fjouwer kleuterklassen op It Haskerfjild hawwe allegear Fryske nammen: De Fjildhaskes, De Heidehaskes, De Dúnhaskes, en de learlingen fan juf Sissy sitte by De Boskhaskes. Yn har klasse hearst de hiele dei Frysk en Nederlânsk trochinoar hinne. ‘Ik hâld rekken mei de thústaal fan de bern as ik ien op ien mei harren praat. By de intake freegje wy de âlden ek altyd hokker taal of talen oft der by harren thús praat wurdt. It fielt foar bern fertroud at se harren memmetaal op skoalle prate kinne. Dat jildt ek foar de âlden sels trouwens.’ 
 
De Jouwer is in aardich Frysktalich doarp en de minsken dy’t it thús net prate, fine it hiel posityf dat de bern op skoalle les yn it Frysk krije. Sissy soe ek net oars kinne. ‘It Frysk heart by my en ik soe it skande fine at de taal ferdwine soe. It Frysk draacht in stik fan ús skiednis en kultuer út. Dat wol ik hiel graach oan de bern meijaan.’
 
It Haskerfjild hat sels in eigen skoalrepertoire. Op de cd ‘Hé hé Haskerfjild’ stean Frysktalige ferskes. Earder organisearre de skoalle in Fryske Dei, mar tsjintwurdich wurdt it Frysk alle dagen ferwurke yn it lesprogramma. Mei help fan in Taalstiper fan de Afûk krijt de skoalle hânfetten om it Frysk yn it lesprogramma te yntegrearjen. ‘Wannear’t bygelyks de hjerst begjint, dan sjonge wy Fryske ferskes of ik lês Frysktalige berneboekjes foar oer dat tema. Lestige wurden beneam ik nochris ekstra yn it Nederlânsk. Sa wurdt net allinnich de wurdskat yn it Frysk, mar ek dy yn it Nederlânsk fergrutte.’ 
 
Yn de midden- en boppebou wurdt Frysk as fak jûn. ‘Yn dy klassen dogge de learlingen ek mei oan it Lyts Frysk Diktee en SjONG.’ Mei de Fryske foarlêswiken wurdt der nochris ekstra oandacht oan jûn troch spesifyk ek Frysktalige boekjes oan te dragen. ‘Sa wol ik sjen litte dat ferskillende talen hiel goed neistinoar bestean kinne. Sa meie bern mei jierdeis sels kieze yn hokker taal se tasongen wurde wolle.’ 
 
Fan Nederlânsktalige âlden krijt juf Sissy wolris te hearren dat se it moai fine dat de bern it Frysk ek mei nei hûs nimme. ‘Sa leare ek guon âlden noch in wurdsje Frysk mei. Dat is dochs prachtich?’ 
 
Tekst: Froukje Sijtsma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Boekresinsje ‘De wurdskat’ troch Antje

It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.

Frysk yn ’e klasse: CBS De Bonkelder (Wytmarsum)

Op basisskoalle De Bonkelder yn Wytmarsum stiet in juf foar de klasse dy’t mear docht as lesjaan allinnich: juf Sieuwke Rijpma libbet it Frysk. En dat fiele de bern fan groep 7 en 8 oan alles. ‘It is mear as in fak, it is in gefoel’, seit se.


 


Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #2

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
Folle mei hertferwaarmjende ferhalen foar alle heiten, memmen en opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier 👶👧🧒

Yn dit nûmer:

❄️ In moaie wintergelok-poster om út te knippen
🏡 Ynterviews mei bern út Gytsjerk – oprjocht, grappich en ferrassend
💞 Bonusâlders anno 2025, hoe giet dat?
❤️ Oer hoe’t Naomi in twadde thús fynt by in steungesin
🎨 Ynterview mei berneboeke-skriuwster Mirjam van Houten
🎣 Ynstjoerde foto’s fan fiskjende bern
🚂 Gesellige útstapkes yn Fryslân fan Kidsproof
👶 Oer hoe’t je mei in ‘moeder-geassisteerde keizersnede’ sels dyn poppe út de búk tille kinst
🫄🫄 Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
💊 Antykonsepsje: hoe dogge oare heiten en memmen dat?
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
🎨 Nifelje mei boekelizzers – kreative knutselwurkjes fan Cheryl
📚 De nijste en moaiste Fryske berneboeken!

En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!

Bekijk magazine