In bern krije, foar de measte oansteande heiten en memmen is dat in feest. Mar hoe sit dat as dy heiten en memmen noch yn de skoalbanken sitte of noch mar krekt begongen binne mei harren earste baantsje? Tjalling en Berber Beiboer fan Droegeham kinne der fan meiprate. Tjalling wie njoggentjin jier en oankommend timmerman, Berber wie santjin en siet noch mei har freondinnen op skoalle doe’t bliken die dat sy yn ferwachting wie. Earst in hiele skrik, mar fan echte panyk wie gjin sprake. Berber: ‘Doe’t ik hiel jong wie, woe ik altyd al graach in bern ha.’ Lytse Rint Jan is no al wer trije en in heal jier en de twadde poppe is kommendewei.
Neffens de Rutgers Nisso Groep, it kennissintrum foar seksualiteit, binne der trije belangrike oarsaken foar it op hiel jonge leeftyd krijen fan bern: der is faak sprake fan in min of mear bewuste winsk nei bern by jonge famkes, it gebrûk fan foarbehoedsmiddels is net adekwaat of der is sprake fan domme pech. Berber en Tjalling bliuwe der wat faach oer. In feit is dat se al twa en in heal jier ferkearing hienen doe’t it harren oerkaam.
Berber: ‘Ik wienet oan de pil. Doe’t ik in pear wike oer tiid wie tocht ik: o jee, ik wit it net. Ik ha der doe earst mei myn âldere suster oer praat, want ik doarde it noch net tsjin ús heit en mem te sizzen. Ik wie krekt begûn mei de oplieding Helpende Welzijn oan de Friese Poort yn Drachten om’t ik letter graach mei bern wurkje woe.
Hoe moast it no allegear mei my? Myn suster en ik ha doe sa’n teststrip helle. Nei ien minút seach ik it al: ik wie yn ferwachting. Ik begûn earst freeslik te laitsjen fan de senuwen, dêrnei gûle fansels.’
Tjalling kin net mear betinke wat syn reaksje wie, Berber wol: Do leaudest it net.’ Tjalling laket. ‘Dat seisto.’ Berber: ‘Do fûnst it ek dreech om it oan jim heit te fertellen.’ Tjalling: ‘Ik tocht ik sjoch wol hoe’t it komt. Fansels, ús heit skrok earst wol, dat is logysk, mar hy wie net lilk. Hy hat my doe gau itensieden leard want wy moasten ús aanst sels rêde.’ Pleagjend: ‘Ik kin no better ietensiede as Berber.’
‘Doe’t ik hiel jong wie woe ik al graach bern ha.’
Berber: ‘Myn âlden skrokken en fansels, ús mem hat it oan ús heit ferteld. Us heit sei der net safolle oer, miskien wie hy wol deabenaud om der oer te praten. Us mem sei dat it allegear wol goed komme soe. Us âlden ha ús altyd goed holpen. Ik wie de earste tiid hiel beroerd, ik ha wol achttjin wike oars neat dien as spuie. Myn bloeddruk wie te heech en ik bin doe nei in heal jier opholden mei skoalle. Ik seach der nei út om de poppe te krijen, it duorre my fierste lang. Ik hie der o sa’n sin oan om mem te wurden.’
Mem by befalling
Doe’t de poppe berne waard wie Berber har mem der by. Berber: ‘Tjalling wie doe echt noch in jonkje. Eins wie hy in bytsje benaud foar dy befalling.’ Tjalling: ‘It duorre allegear hiel lang en ik siet achter yn sa’n sealtsje in Suske en Wiske boek te lêzen. Myn skoanmem stie by har oan it bêd en ik doarde der net sa goed nei te sjen. Hast fansels noch noait soks meimakke. Ik wist noch fan neat.’
Suzuki Swift
It libben fan Berber en Tjalling is nei de komst fan de earste poppe foargoed feroare. Oare plichten, oare ferantwurdelikheden. Berber: ‘Wy gongen fansels net sa faak mear mei freonen nei de kroech hjir yn ‘e Ham. Ik miste de skoalle net sa bot, wnat ik siet noch mar in pear moanne op dy oplieding. Doe’t Rint Jan lyts wie ha ik noch in heal jier op in taksy riden, mar dêr wie op in stuit gjin wurk mear foar my.’
Tjalling syn jongesdream om yn in snelle GOLF GTI te riden gong yn reek op: ‘No ride wy yn in Susuki Swift, auto’s binne djoere dingen. Fierder giet myn libben gewoan troch, ik wurkje al fan myn sechtjinde ôf by deselde baas en ik gean no twa jûnen yn Ljouwert nei skoalle om myn timmerfeintdiploma te heljen. Ik kom noch geregeld yn de kroech.’ Berber: ‘My seit dat net safolle, ik bin net sa’n kroechmins. Gelokkich hawwe freonen en famylje ús yn it begjin hiel goed holpen, wy hawwe in protte guod krigen. Doe’t Rint Jan twa en in heal jier wie binne wy troud. Wy hawwe krekt in eigen húske en nei in miskream is der no wer in nije poppe ûnderweis, wy sjogge der beide nei út.’
Tekst: Baukje Wytsma
Dizze tekst komt út it tydskrift ‘BERN’ de foarrinner fan de heit&mem en komt út 2005.