Boekresinsje ‘Sipke ziet sterretjes – Sipke sjocht stjerkes’ troch Marrit Tjalma
Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…
Sipke fynt it mar lestich om in wurkstik oer planeten te meitsjen.
Dêrom nimt pake Pipermûs him mei nei it Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer. Dêr fertelt in otter harren fan alles oer de planeten, de moanne en hoe’t it sinnestelsel dat Eise Eisinga oan syn plafond makke hat, beweecht. Wannear’t pake en Sipke wer nei ûnderen ta sille, stroffelet Sipke oer syn eigen sturt en komt er hiel hurd op ‘e grûn telâne. Sipke sjocht letterlik stjerkes en dreamt oer it ûneinige hielal dêr’t Eise Eisinga him mei nei ta nimt op aventoer. Soe Sipke wol op ‘e tiid wekker wurde en hoe moat it no mei syn wurkstik…
Ik fyn it in prachtich ynformatyf boekje om út foar te lêzen oan myn beide soannen fan 6 en 8 jier âld, mar âldere bern kinne dit boekje ek hiel goed sels lêze. Hidde en Djurre fine it hielal tige nijsgjirrich en binne, krekt as ik, troch it lêzen fan dit boekje wer in soad nije dingen oer it hielal te witten kaam. Hielendal achter yn it boekje stiet noch wat mear ynformaasje oer Eise Eisinga en it Planetarium. Want wêrom binne Uranus en Neptunus net te finen yn it Planetarium… Ek steane dêr noch in oantal wurden útlein en kinst oer elke planeet noch wat mear ynformaasje fine.
It Gouden Boekje is op rym skreaun. Op alle bledsiden fynst sawol in Frysk as in Nederlânsk rymke. Myn foarkar giet út nei de Fryske rymkes, om’t it Frysk de memmetaal fan ús bern is. Ek fyn ik de printen dy’t Hanne Snel makke hat geweldich. Se slute moai by de teksten fan Lida Dykstra oan en je krije in goed byld fan it Planetarium.
Jim begripe wol dat Hidde en Djurre nei it lêzen fan dit boekje net wachtsje kinne om sels ris in besite te bringen oan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. En mochten sy yn de takomst noch ris in wurkstik oer it hielal meitsje moatte, dan sille se fêst dit Gouden Boekje derop neislaan.

Sipke fynt it mar dreech om in wurkstik oer planeten te meitsjen. Dêrom nimt pake Pipermûs him mei nei it Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer. Tegearre ûntdekke se hoe’t it sit mei it sinnestelsel… en de romte dêr foarby.
Alwer it 8e diel yn de rige oer Sipke de pipermûs. Twatalige edysje (Nederlânsk en Frysk) yn gearwurking mei Utjouwerij Rubinstein.
Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Yvonne
As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stâlen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: “Hi-hi-hii”. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels earst efkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byinoar om him te rêden.
Frysk yn ‘e klasse – CBS It Haskerfjild
‘Kom by ús op skoalle’, falt op in grut boerd te lêzen by CBS It Haskerfjild. In moai boadskip om bern harren wolkom fiele te litten op dizze basisskoalle op De Jouwer. Net gek, want hast al it personiel praat Frysk. Ien learkrêft springt der op it gebiet fan de Fryske taal dochs wol út: juf Sissy fan groep 1 en 2.