Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting
Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.
Ien kear tagelyk yn ferwachting wêze is bysûnder. Twa kear is spesjaal. Mar trije kear tagelyk in dikke búk is wol hiel unyk. Tusken de befallingen fan Anne en Gerbrich sieten boppedat alle kearen mar maksimaal trije wiken. En om it ferhaal noch wat smouter te meitsjen: de jongsten binne op deselde dei berne. ‘Anne wie hast twa wiken oer tiid, dus it wie ek wol hiel wûnderlik’, fertelt Gerbrich.
Yn it hûs fan Anne yn Snits is it in drokte fan belang. Ien bernewein yn ’e wenkeamer, ien yn ’e tún.
Twa bern op ’e skommel, twa mei in tekkentsje op ’e bank foar de telefyzje. Spesjaal foar dit ferrassingsartikel foar harren mem is Gerbrich mei de bern út Meppel nei Fryslân kaam. ‘Us mem hie al ris sein dat dit in prachtich ferhaal foar heit&mem wêze soe. Sûnder dat sy it wit, hawwe wy dit regele. Hooplik kinne we it sa lang foar har geheimhâlde.’
‘Us bern groeie echt mei-inoar op.’
Anne hat mei Sytze trije dochters: Mieke (augustus 2021), Vera (april 2023) en Ilse (april 2025). Gerbrich en Oswin hawwe Ferre (augustus 2021), Linde (maart 2023) en Tije (april 2025). ‘Us bern groeie echt
mei-inoar op. It fielt allegear hiel fertroud.’ Sels koene se ek al goed mei-inoar, mar troch de swangerskippen binne se noch tichter nei inoar ta groeid. ‘Wy sitte hieltyd mei de bern yn deselde fazen, dus wy hawwe ek echt wat oaninoar.’
Der komt wat gegûl út de wenkeamer. Gerbrich: ‘Dat is der ien fan dy.’ Anne laket: ‘Ja, dat hearde ik ek wol, hear.’ Gerbrich fertelt laitsjend fierder dat it ek wolris foarkomt dat har molkerefleks op gong komt as der ien fan Anne gûlt. ‘Dat is dan wer it neidiel.’
Behalve dat se in soad oerienkomsten hawwe, binne Anne en Gerbrich ek wol wer hiel ferskillend. Gerbrich: ‘Anne libbet echt fan dei ta dei. It komt by har sa’t it komt.’ Grappich, want je soene soks miskien net fuort ferwachtsje fan in ortopedagooch. Anne: ‘Gerbrich is echt in planner. Sy hat altyd alles oant yn ’e puntsjes taret. Dat moat ek wol, want se docht no in oplieding ta ferpleechkundich spesjalist. Sûnder dy strakke struktuer komt se net oan har stúdzje ta.’
Mei it kiezen fan de nammen foar de bern kamen se lokkich net mei-inoar yn ’e clinch. Gerbrich:
‘Wy hawwe alle trije bern ferneamd nei famyljeleden fan Oswin en my.’ Anne: ‘En wy dus wer net.
Dus doe’t wy dat faninoar wisten, hoegden wy ús dêr ek net mear drok om te meitsjen.’
Wat de froulju dochs wol bybleaun is as in hiel bysûnder momint, is doe’t Gerbrich molke kolve foar Anne har dochter Vera. Anne: ‘De boarstfieding kaam by my net goed op gong, en de stress dêrby holp fansels net.’ Gerbrich: ‘En ik hie eins tefolle molke en de friezer siet fol. Doe haw ik in foarriedsje oan Anne jûn, sadat sy wat mear rêst krige. Ik fûn it hiel spesjaal dat ik dat foar Anne dwaan koe.’
Sytze, de man fan Anne, grapket wolris dat hy op it twadde plak komt. Anne: ‘Soms oerlis ik earst wat mei Gerbrich en dan pas mei myn man. Mar as je beide ferlof hawwe, dan giet dat miskien ek wol gau sa.’ Gelokkich kinne se allegear hiel goed mei-inoar. Gerbrich: ‘Twa kear yn ’t jier geane wy mei de de hiele famylje in wykein fuort.’ Anne: ‘Dat is altyd in hiele folksferhuzing. Gerbrich hat fansels oan alles tocht en nimt fan alles mei. Fan swimbadsjes oant in ferskaat oan boartersguod.’ Gerbrich: ‘En Anne ferjit wer de helte, mar dat kin se dan wol fan my liene.’
De grutte fraach is no fansels: komt der ek noch in fjirde swangerskip tegearre? Anne: ‘Foar ús is it gesin sa kompleet.’ Gerbrich twivelet efkes: ‘Ik soe sa wol seis bern wolle, mar in sûn bern is gjin fanselssprekkendheid. Ik bin hoe dan ek al super tankber foar dizze trije moaie berntsjes.’
Tekst: Froukje Sijtsma
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Ferneamd: Lewyna
Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.
Hoe oerlibje ik… it earste jier fan ús lytse poppe?
Maaike: ‘Als nieuwbakken moeder van onze zoon Jelmer ben ik op een hele nieuwe planeet beland. Hoe mooi ik het ook vind om moeder te zijn, ik moet heel erg wennen aan de veranderingen in mijn leven. Ik ging parttime werken en dat was nogal een verandering. Jelmer bepaalt mijn ritme en mijn vrije tijd. En van de avonden en weekenden blijft ook weinig over. Mijn vriendinnen zie ik nauwelijks meer en mijn partner is papa geworden. Waar zijn de romantische avonden gebleven?’
De roze wolk moet
over omgaan met taboes bij de bevalling
Vrouwen zijn gemaakt om te bevallen, wordt er gezegd. Misschien om ze gerust te stellen dat het ‘heus wel goed komt’. Maar wat als…? Jody denkt er al over na ruim voordat het zover is. Ach kom, dat valt mee! is steevast het antwoord, dus gaat ze ‘vrouwmoedig’ de bevalling in.
5 Belangrijke Tips voor Brandveiligheid in de Babykamer
Als ouder wil je natuurlijk het beste voor je kindje, en dat omvat ook een veilige omgeving. Brandveiligheid is een belangrijk aspect dat vaak over het hoofd wordt gezien. Maar hoe maak je de babykamer dan zo brandveilig mogelijk? Marlies de Boer-Boomsma, zelf moeder en werkzaam als medewerker bij het team Brandveilig Leven bij Brandweer Fryslân geeft je vijf belangrijke tips voor brandveiligheid in je babykamer.