De resinsje fan Ike: Flarde
Mei in soad niget haw ik it boek Flarde lêzen. Yn earste ynstânsje wie ik nijsgjirrich nei de relaasje tusken Fryslân en Baskelân, sjoen nei de oerienkomsten tusken beide eigen talen, kultuer en status yn it lân. Dat kaam yn it boek net nei foaren. It boek is flot skreaun, mar net foar de begjinnend Fryske lêzer. Yn it begjin moat je efkes wenne oan de skriuwstyl, mar al gau sitst yn it boek en wolst witte wat der noch mear barre sil. Hokker wendingen naam wurde en hoe’t alles dochs wer in oare kant op liket te gean. Ien ding bliuwt gelyk: Aede lit Sarat in haadrol spylje yn syn libben.
It boek wurdt skreaun yn it neat -de grize siden- en as de doarmer -de wite siden-. De grize siden binne bysûnder en fertelle in soad, en dat mei mar ien sin.
Yn it boek folgje we Aede, in man út Fryslân. Aede is in man dy’t alles foar inoar liket te hawwen. Hy hat yn Fryslân in frou, soan, in eigen bedriuw (Ferwerda & zn. -Loonbedrijf, Mechanisatie en Gronverzet bv, sinds 1968) én is dan ek noch de manager fan de wrâldferneamde Sarat, in sjongeres yn Baskelân. Mar hat er it wol sa goed foarinoar?
It begjint by in grinskontrôle. Aede, dy’t ûnderweis nei Baskelân (Spanje) is, moat dêr oan twa plysjeminsken útlizze wat er fan doel is. Dat bart fansels mei hannen en fuorten. Hy kin se fansels fertelle oer Sarat, mar dat docht er net. “Hy sil se net oan ’e noas hingje wa’t er hjir opsykje sil; harren blauwe unifoarms soenen grien útslaan fan oergeunst.” Sa barre der mear dingen dy’t eins net kinne, mar by Aede wol. Hat er dan sa’n gelok, is er sa ticht by de grutte ûntdekking, of is der wat oars oan ’e hân? As lêzer komst stadichoan tichter by in ûntdekking. Neat is wat it is, of faaks west hat.
“Wat is der misgien mei ús, Aede?! Ik wie der om dy yn dysels leauwe te litten, yn dyn kinnen, net yn dyn eigen optinksels.”
Ike Wiersma