In nij boek is altyd feest. Dit boek makket ús nijsgjirrich om’t it oer in tuba giet. Mem spilet sels bariton dus de bern witte wol wat fan koperen blaasynstruminten of en ek hoe’t je der lûd út krije moatte.
It boek giet oer Adam. Adam wennet mei syn famylje yn it sirkus. Elkenien út de famylje (pake, beppe, heit, mem, syn suskes, omke, tante, neefke en nichtsjes) docht in keunst yn it sirkus. Mar wat docht Adam? Hy probearret fan alles, mar fynt gjin inkele keunst leuk om te dwaan. Syn famylje freget sich dan ek ôf wat dit wurde moat. Se betinke fan alles sadat hy miskien toch in keunst yn it sirkus dwaan giet. Mar úteinlik beslute se dat se him sels mar freegje moatte wat hy it leafste dwaan wol.
Se geane nei him ta om hjir mei him oer te praten. Mar ûnderweis heare se in prachtige melody. Wat soe dat wêze? Wêr komt dat wei? Komt it by Adam wei? At se de doar fan syn wenwein iepen dogge sjogge se Adam op in tuba spyljen. Der kaam de prachtige muzyk dus wei. Adam syn famylje realisearet sich dan dat se altyd mar dwaande wienen om te betinken hoe’t er mei hun keunsten mei dwaan koe, yn plak fan dat se nei him lústeren.
Syn famylje is bliid dat er einliks wat fûn hat wer’t hy bliid fan wurd. Sûnt dat momint fersoarget Adam op syn tuba de muzyk by de sirkusfoarstellingen. Hy spilet net allinnich, mar docht mei syn tuba ek ferskate keunsten.

De omslach fan it boek is wat donker fan kleur, mar sprekt wol oan om’t it wat mysterieus oan docht.
It donkere fan it omslach set troch yn it boek sels. As âlder fyn ik dat wol in bytsje saai, mar it strielet wol in soad rest út. Janneke (4 jier) fynt it echter wol moai. It boek is hjirtroch wol ideaal foar bern die’t wat fan restige kleuren hâlde.
It boek hat twa efterlizzende boadskippen: do hoechst net altyd te dwaan wat in oar wol; do moast dwaan wa’st sels leuk fynst. En je moatte net alles foar in oar ynfulle; je moatte earst goed nei inoar lústerje.
Al mei al in moai boek ast it net nedich fynst dat in berneboek felle kleuren ha moat.
Jeltje, út Berltsum
Mem fan Janneke en Froukje
De resinsje fan Bettine: Adam en syn tuba
Alle famylje fan Adam hawwe harren rol yn it famyljesirkus Merakel, allinne Adam net. De famylje probearet fan alles en lit him alles probearje, mar neat slagget. Dan heare se moaie lûden en fine Adam spyljend op syn tuba. Hy spile sa moai en knap dat de hiele famylje Meraker der stil fan waard, dit moat in plak krije yn de foarstellings. No at ek Adam syn plakje fûn hat yn’e sirkustinte is it publyk noch entûsjaster as earder.
Bern fan Fryslân – Dustin
Sûnt Dustin as jonkje fan in jier as 7 in filmke op YouTube beseach wêryn’t de saksofoan bespile waard, wie hy wis: ‘dat wol ik ek’. Doe’t hy dy kâns in pear jier letter krige, is er net mear ophâlden. De ‘saks’ is syn grutte passy.
Ien bern
It getal ien: wannear is in gesin eins ‘ôf’?
‘Wannear komt de twadde?’ is de fraach dy’t al gau oer de tafel fljocht. Mar achter de foardoar sjocht de wrâld der faak hiel oars út. Yn Snits gie it poppeguod de doar út út in gefoel fan kompleet-wêzen, yn Ychtenbrêge út in gefoel fan loslitten.