Zoek op inhoud

wetter

Resinsje ‘Wetter’ troch Anke Dykstra

Wolsto ek in ‘betterwetterder’ wurde? Wat seist? Witsto noch net wat dat is? Witsto wat ‘wetter’ is? Hast wolris heard fan ‘wettermeunsters’? Bisto in bytsje nijsgjirrich oanlein? Dan moatst dit boek mar gau besjen! Want foardatst it witst, wurdsto in echte wetterprofessor en makkesto thús dyn eigen swietwetterfabryk!

It boek ‘Wetter’ giet oer Wisse. Wisse hâldt fan wetter. Hy fynt mei wetter fan alles út en syn mem lit him moai gewurde. Op in dei komt der in wetterprofessor op skoalle. Wisse mei meidwaan. De professor hat ‘wettermeunsters’ en ‘oaljefante-wc-papier’ meinaam en fertelt prachtige ferhalen. Mei-inoar dogge se wetterproefkes. Wisse genietet!

Wisse giet thús troch mei wetterproefkes en bout op fakânsje fan sâlt wetter in swietwetterfabryk. Sybrich en Meinte wolle dat ek wol probearje! By de buorman wurdt in grutte glêzen skaal liend en it potsje sâlt út ’e keuken wurdt leech struid yn it wetter. Efkes priuwe… oe bah! Dat smakket sâlt!! Meinte sammelet fan alles, dus in grutte stien is sa fûn. De skaal mei it wetter en de stien op ’e kachel en yn ’e sinne. No mar ôfwachtsje…

It boek set oan ta útfinen en ûntdekken mei wetter yn en om ’e hûs en ta moaie gesprekken. At ik mei de bern in pear dagen letter de oertocht nei it Amelân meitsje, sjogge se mei nije eagen nei de diken at wy by Holwert nei de fearhaven ride. Dit binne dus de diken dy’t ús lân beskermje! Hiene se dy yn 1825 noch net? Binne se yn ’e takomst heech genôch? De see is moai, mar moat wol oan ’e goeie kant fan ’e dyk bliuwe!

Linda de Haan hat dit boek skreaun yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân. It is in wat edukatyf boek dat dy oansette wol ta ferwûndering foar en nei wetter. Foar ús is it sa fanselssprekkend dat swiet (drink)wetter altyd beskikber is. Mar it is ek belangryk dat wy der goed op passe dat dat sa bliuwt. De yllustraasjes binne prachtich! Se wurde noch moaier ast dy betinkst dat it tekene en etst is mei in djipdruktechnyk (Tetrapak print) sûnder gemikaliën. Better foar wetter dus!

Foar skoallen is it ek in oanrieder. By it boek kinst in lesbrief mei wetterlessen krije, kinst in proefkes-útlienset bestelle en der kin in wetterprofessor fan Wetsus by dy op skoalle komme. Sa wurdt tematysk wurkjen superleuk!

Oan ’e ein skriuwt Wisse in brief oan de lytse en grutte minsken fan ’e takomst: Wês leaf foar it wetter, bewarje ferhalen, doch ûndersyk, bou diken fan diken en fyn út, wetterbrêgen en in wolkefabryk.

Dus wêr wachtsje we op? Kom mar gau fan dyn stoel, gean oan ’e slach, ferwûnderje dy en ûntdek. En dochsto no en letter ek better foar wetter? Dan bisto in echte ‘betterwetterder’!

Anke Dijkstra, mem fan Sybrich (8) en Meinte (6).

Wetter

Wisse ferwûnderet him omraak. WETTER. Yn ’e goate, yn ’e sleat, yn in oargel, út ’e loft, út ’e kraan, achter de dyk, op it strân … Magysk fynt er it, en dat is it ek.

Syn mem en master litte him gewurde. Mei it boartsjen en ûntdekken komt ek it respekt foar wetter, tinke se. As Wisse op skoalle in brief oan de takomst skriuwe mei, dan giet dy brief fansels oer wetter, datst dêr net bang foar wêze moatst, moatst der gewoan hiel goed op passe.

Resinsje Joazefine yn ’e rein troch Anke

Nei in prachtige simmer kinst derop wachtsje… De bledsjes wurde read en giel en falle fan de beam. It wurdt frisser bûten, de lange broek moat wer oan en sit o sa strak. Jûns wurdt it betider tsjuster: ‘Is it no al tiid om op bêd?’ En… der komme wer reindagen…

wetter

De resinsje fan Irene Steens: Wetter

Mei wetter kinst boartsje en eksperimintearje, kinst it ûntdekke en der ferhalen oer hearre. Ja, Wisse hâldt fan wetter en hy ferwûnderet him deroer. It boek Wetter fan Linda de Haan is in oade oan de magy fan wetter – en oan hoe’t bern de wrâld ûntdekke.

De boekresinsje fan Froukje: Timen op ’e tegels

Dibrich, ús jongste fan 3 jier, moat fan my altyd noch op ‘e stoepe bliuwe. In regel dy’t in protte lytse bern te hearren krije as se nei bûten ta wolle te boartsjen. Se hat in grutte broer, Hisse, dy’t al 8 jier is en it hiele doarp troch mei. As se freget wêrom’t Hisse dan wól op ‘e dyk fytse mei is myn antwurd: “De dyk is noch te gefaarlik foar dy.”

Muzyk foar de berte

Mei in mem dy’t yn in brassband spilet en in heit dy’t dirigint is en slachwurker by de marechaussee, en dy’t boppedat ek graach pianospilet, kin lytse Jesse der net omhinne: muzyk heart by syn libben. It wie al yn Jesse syn earste libbensoere dat Ido (33) in pianostik fan Jennifer Lin foar him spile. Jesse Ids is no sân moanne âld en rôlet himsels om yn ’e boks as syn heit dat stik wer spilet. Hy werkent it grif! Of soenen heit en mem dat graach leauwe wolle?