Klifmantsje Ate, of moatte wy sizze klifwyfke Atalanta of Atsje, wennet yn it wite klifhûs oan it Marderklif. Op in dei bringt postdo Hipke him in wichtige brief fan syn omke Simen. Omke Simen hat lêst fan rinneritus en hat dêrom de help fan Ate nedich. Om te helpen moat Ate wol in besite bringe oan de gefaarlike seeheks yn Laaksum…
Dy seeheks hat it net sa op eigenwize klifmantsjes en der gean geroften dat se mei har toverspreuken klifmantsjes feroaret yn wjirmen of blauwe miggen. Ate hat der alhiel gjin sin oan, mar giet dochs op aventoer om syn omke te helpen. Mei hoarten en stjitten berikt er de grot fan de seeheks fan Laaksum. Krijt er in waarm wolkom? Keart er oait werom nei hûs? En is de hekse wier sa ûnaardich as se sizze?
Ate en de seeheks is in prachtich ferhaal, in Frysk mearke oer de Gaasterlanner kliffen oan ‘e Iselmar. De kleurrike printen binne keunstwurkjes en meitsje it ferhaal libben. Elbrich Vreeling wit it ferhaal goed op te bouwen, sadat it spannend en ferrassend bliuwt oant de lêste bledside.

Ik haw it boek foarlêzen oan myn neefkes Hidde en Djurre fan acht en seis jier. Binnen no time sieten se midden yn it ferhaal en foaral it part yn de grot fan de seeheks fûnen se tige spannend. Prachtige toverspreuken en om wurden lykas potferjanhinnekont, snotferjokky, blikje Pibe en fansels it kwallesop mei spinnepoatsjes en miere-aaikes moasten se ôfgryslik laitsje. In waarm ferhaal mei in ferrassende twist en lykas by elk mearke komt alles úteinlik mear as goed!

En rekkenje mar dat ik de earstfolgjende kear dat ik by de Iselmar bin dochs even stikem ûnder de stiennen en achter de strûken sjoch oft ik tafallich in klifmantsje tref, do witst op ’t lêst mar noait…
Wytske Jongbloed
Logopedist yn it spesjaal ûnderwiis en tante fan Hidde en Djurre.

Ate en de seeheks
Lâns de Gaasterlânske kliffen wenje de klifminskjes. De kâns datst ien tsjinkomst is net sa grut, want se binne mar hiel lyts en at se minsken sjogge krûpe se gau fuort.
Klifmantsje Ate wennet oan it Marder Klif. Op in dei krijt er in brief fan syn omke, dy’t slim siik is. Hy freget at Ate foar him nei de seeheks yn Laaksum gean wol. Har drankjes hawwe al hiel wat klifminskjes better makke. Mar Ate hat ek heard dat se it net stean hat op klifmannen. Sa is der in ferhaal dat se in kear in klifmantsje feroare hat yn in wjirm. Ate grizelet at er dêroan tinkt. Hy doart net nei dy heks! Mar hy kin syn omke toch net yn ’e steek litte?
Leeftiid; 6+