It bliuwt bysûnder om in boek te lêzen dat postúm útbrocht is. Dizze dichtbondel fan Rients Gratama mei tekeningen fan syn frou Carla van der Heijde is dat ek. Yn it foaropwurd fertelt Carla hoe’t dizze dichtbondel ta stân kaam is. De gedichten wienen klear, de tekeningen noch net doe’t Rients ferstoar. No is de bondel klear en lit dy sa Rients Gratama ek yn gedichten fierder libje.
De gedichten litte de lêzer hiel ticht by Rients Gratama komme, mar se binne ek foar elkenien goed yn te tinken. Hy beskriuwt yn it gedicht ‘fan dy dingen’ hiel moai hoe’t er eartiids boas waard op himsels as er wat falle liet, letter, at de âlderdom him ynhellet, ferleit er syn geskel nei de lytse dingen. Ut de gedichten is in nochtere blik en beskieden toan te hearren. De swart-wyt tekeningen binne in moaie oanfolling op ’e gedichten.

‘Ik skop myn dea/ wer foar my út.’ binne de lêste sinnen fan it gedicht ‘alwer’. No 8 jier nei syn dea lit Rients Gratama noch ien kear fan him hearre yn syn dichtbondel Hagelslach.
Harmke van der Werf
Fryske gedichten en ferskes oer bijen
Hjir binne Fryske gedichten en ferskes te finen oer bijen. Ha jimme noch oanfollingen? Mail it nei ynfo@heitenmem.nl!
De recensie van Wieke: Winterboek
Dit is een prachtig winterboek voor kinderen van 2 tot en met 6 jaar. Aan de buitenkant van het boek kun je niet zien hoe verrassend de binnenkant is. Maar eenmaal begonnen met lezen merk je direct dat het boek gevuld is met een grote verscheidenheid aan verhalen en opdrachten. Er staan namelijk heel veel verschillende verhalen en dingen om te doen in, wat voor een perfecte afwisseling zorgt en mooi aansluit bij deze leeftijdscategorie. Voor elke leeftijd is er wat te doen, te luisteren en te knutselen.
Boekresinsje: ‘De bûseskatten fan Poike’ troch Pytrik de Groot
Och, wat in moai boek, dat wie it earste wat ik tocht doe’t ik hem beseach. In dik kaft, altyd noflik mei bern, en op in moaie wize yllustrearre, en mei in dúdlik lettertype skreaun. It elastyk kin brûkt wurde as boekelizzer, mar is ek handich foar de bûseskatten dy’t je sammelje kinne yn it boek.