Oan it ein fan de simmer falt der in nij boek op de matte. It is it boek fan Tys en Teske. By Jurjen al wol bekend fan de berne-opfang. “Tys, Tys!” ropt hy fuortendaliks at we it papier om it boek weihelje. Op de foarkant fan it boek sitte Tys en Teske yn in selsboud fleantúch, wat ek wol op goedkar rekkenje kin fan ús Jurjen.
Oan de bûtenkant is it boek aardich om te sjen: gjin grutte skreauwende kleuren of teksten, mar moai rêstich foarmjûn. Ek oan de binnenkant wurd dit moai trochlutsen. Dit makket dat it boek oangenaam is om út foar te lêzen.
De plaatsjes oan de binnenkant nûgje ek út om it der noch efkes mei de bern oer te hawwen (bygelyks: hokker bist sjochst hjir?)
It Tys & Teske foarlêsboek bestiet út 25 koarte ferhaaltsjes oer twa pjutten dy’t ferskeidende dingen belibje. Sa steane se mei Keningsdei op’e rommelmerke, geane se by inoar útfanhûs, geane op skoalreiske nei de bernebuorkerij, fine se jonge katsjes en noch folle mear. Dit makket it werkenber foar (jonge) bern en dêrtroch slút it goed oan op harren belibbingswrâld.





Alle ferhaaltsjes binne op tema sortearre en dus kinst altyd in ferhaaltsje útsykje wat by it momint past. Wy lêze it boek no sels gewoan fan foar nei achter en hâlde by wer’t we bleaun binne mei de moaie boekelizzer fan Tys en Teske.
De 25 ferhaaltsjes binne ombeurten skreaun troch seis ferskillende skriuwers. Hjiryn kinst wol ferskil merke kwa skriuwstyl, mar dit stoart my (en de bern) net.
It docht wat oan as de Fryske Jip en Janneke en ik liuw dat dit krekt sa’n sukses wurde kin as harren Hollânske neef en nicht. De ferhaaltsjes binne foar Jurjen perfekt kwa lingte foar it sliepengean. Redmar fynt se krekt te koart en soe it leafst alle ferhaaltsjes yn ien kear lêze. We moatte mar efkes mei him oefenje op it Frysk lêzen, dan kin hy syn lytse broerke moai foarlêze jûns!
Groetnis,
Maaike Dillema
Mem fan Redmar (5) en Jurjen (2)
Tytsjerk
Maaike Dillema: “It boek is skitterjend yn syn ienfâld.”
Resinsje ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’
Boekresinsje ‘Stip syn moaiste ferhalen’ troch Maaike
It is freed, it ein fan wer in nije skoalwike. Redmar hat krekt syn boarter útswaaid en faak brûke wy dat momint om efkes te ûntprikkeljen troch it lêzen fan in boekje. En krekt hjoed hat de postboade ús in nij boekje brocht!
De recensie van Sytske Anne: Tys en Teske foarlêsboek
Het Tys en Teske-voorleesboek is een vrolijk, gevarieerd en herkenbaar voorleesboek, geschreven voor peuters en jonge kleuters. Het boek gaat over de twee vrolijke vriendjes Tys en Teske. Het begint met een liedje en bevat daarnaast 25 korte voorleesverhalen die aansluiten bij het dagelijks leven van jonge kinderen. Ieder verhaaltje beslaat twee pagina’s, met één grote kleurrijke afbeelding of één grote en één kleine afbeelding.