Zoek op inhoud

De resinsje fan Jeltje: ‘Pykje Fjouwer’

Op in tongersdei yn maart kriich ik in mailtsje mei de fraach om in resinsje te skriuwen oer in nij boek. Ditkear Pykje Fjouwer fan Lida Dykstra. In moai foarjiersboek.

Doe’t ik thús oan de itenstafel sei dat we ynkoarten wer in leuk Frysk boek ûntfange soenen, wienen de bern gelyk entûsjast. Doe’t it boek yn ’e brievebus hong, wie foaral Tessa (5) hiel nijsgjirrich. Se rôp gelyk: ‘O, dat is in hiel moai boek.’ Se hie it boek al op skoalle sjoen en se wist der ek al wat oer te fertellen. Tessa fynt it ek geweldich op de pleats fan har boarterskammeraat. De kealtsjes dy’t berne wurde, mar ek it fjild yn nei de skiep. Se is altyd bûten te finen.

De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine.

It ferhaal giet oer in skries dy’t net út it aai komme kin. Mem giet fuort en Pykje Fjouwer bliuwt allinne achter. In kealtsje nimt de skries yn ’e bek en sa bedarret Pykje Fjouwer op de pleats fan Yfke. Hy wurdt grut op de pleats mei alle bisten om him hinne. Hy wurdt sa grut dat er útfleane wol en dat docht Pykje Fjouwer dan ek. Tessa fynt it wol wat sneu foar alle oare bisten op de pleats. Hoe moatte dy no fierder sûnder Pykje Fjouwer?

En dan komt de winter sûnder Pykje Fjouwer. Hy wurdt mist, mar gelokkich komt de maaitiid der ek gau wer oan. Pykje Fjouwer fljocht werom nei syn heitelân en sjocht syn freonen werom. Hoe’t it boek einiget sil ik hjir net ferklappe, want dat is it lêzen wurdich.

Achter yn it boek wurdt noch fan alles ferteld oer de skries en wêr’t se yn ’e winter nei ta fleane. Hiel edukatyf foar de bern, mar ek wol foar mysels. Mei it prachtige waar fan de ôfrûne wiken ha we in soad te fytsen west mei de bern. De bern ha drok op syk west nei de skries, mar koene him net sa best fine. Neffens Tessa is de skries al wer fuort. De aaien sille wol útkommen wêze. No mar hoopje dat der net wer in Pykje Fjouwer allinne is. 

Pykje Fjouwer is in prachtich moai boek foar bern. Leeftiid makket net út. De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine. In dikke oanrieder foar elk bern!

 

Jeltje Reitsma út Stiens

-> Jeltje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Pykje fjouwer

Tik tik tik.

Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije.

Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?

Pykje fjouwer en it ferske ‘Simmermoarn’

Hoe moai is it om de bern yn de maitiid it ferske ‘Simmermoarn’ te learen? Sjoch hjir foar de tekst en muzyk.

De skries, de kening fan it basisûnderwiis

Boekresinsje ‘Wêr is myn skaad’ troch Tietsje

Super leuk, ik mei it boek “Wêr is myn skaad?” mei de bern lêze! Ik bin fuortendaliks entûsjast, want wat sjocht dat boek der prachtich út.

Bijbewust libje

It is in ynsekt, it gûnzet, it is giel mei swart en yn de simmer en de maitiid fljocht it fan blom nei blom. It is de bij! Dat ynsekt soarget der al hiel lang foar dat blommen en planten bestood wurde, wêrtroch’t dy blommen en planten, mar ek fruit, groeie kinne. Mar dy bestowers wurde al sûnt in lange tiid bedrige, troch ferskillende faktoaren.