Zoek op inhoud

De resinsje fan Yvonne: Hagelslach

In kertier ferlyn
wie ’k tritich jierren jonger
en no bin ’k hast wer dea.
Gjin idee
wat dy te wachtsjen stiet
ast âld bist.

Hagelslach – Rients Gratama

As Rients deryn komt begjint de sinne te skinen.” In sin út it foarwurd fan Carla Gratama–van der Heijde dy’t fuortendaliks myn oandacht luts. Tagelyk is it ek in sin dy’t perfekt past by dizze dichtbondel. Oan ’e ein fan syn libben, doe’t optreden net langer mooglik wie, skreau Rients Gratama dizze gedichten. Yn de bondel sjocht er werom op syn libben, op oantinkens en mominten dy’t him foarme hawwe. Under it lêzen moast ik hieltyd wer tinke oan dy iene sin út it foarwurd. Want ek yn dizze gedichten, skreaun troch Rients, liket de sinne te skinen.

De bondel is opdield yn trije dielen: in moai ein hinne, in moai skoft lyn en ûnderwilens tocht. Elk part befettet meardere gedichten dy’t mei-inoar in reis foarmje troch tiid, oantinken en gefoel. Yn in soad fan dy gedichten werken ik lytse, deistige mominten. Se bringe my werom nei myn eigen bernetiid: hoe’t ik myn bôle mei hagelslach iet, of wat my troch de holle gie as ik wat út ‘e hannen falle liet. De teksten binne tagonklik en helder, mar litte dy tagelyk ek efkes stilstean en neitinke.

In bysûndere tafoeging oan de bondel binne de swart-wyt yllustraasjes fan Carla Gratama-van der Heijde. De tekeningen binne ienfâldich, sûnder oerstallige details, mar slute prachtich oan by de sfear fan de gedichten. Krekt troch har ienfâld fersterkje se it ferhaal. Sa sjoch ik bygelyks hielendal it tafriel foar my tusken de heit en de Dútske soldaat in byld dat troch wurden én yllustraasje ta libben komt.

En earlik sein: doe’t ik seach dat Rients Gratama in bondel mei gedichten skreaun hie, wie myn earste reaksje: “Huh?”. Yn myn holle koe ik him foaral as sjonger en performer. Mar nei it lêzen fan dizze bondel kin ik allinne mar sizze: wat in wurdkeunstner wie hy. Dat stiet foar my as in peal boppe wetter.

Yvonne Soepboer, Broeksterwâld

Resinsje Boer Boaris en de sniepop troch Yvonne

It is winter en it snijt! En dat kin mar ien ding betsjutte: in sniepop meitsje. Boer Boaris, Sam en Bearend jouwe him de namme Bob.

Resinsje Do bist de leafste troch Yvonne

In kleurryk en poëtysk boek foar elkenien, fan jong oant âld!

Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Yvonne

As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stâlen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: “Hi-hi-hii”. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels earst efkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byinoar om him te rêden.

De foarlêshûn

Bern kinne om watfoar reden dan ek muoite hawwe mei lêzen. Faak bliuwe resultaten efter op leeftydsgenoaten en wurde bern konstant konfrontearre mei de fouten dy’t se meitsje. It lêzen mei de foarlêshûn kin de oplossing wêze.