Zoek op inhoud

Mei wetter kinst boartsje en eksperimintearje, kinst it ûntdekke en der ferhalen oer hearre. Ja, Wisse hâldt fan wetter en hy ferwûnderet him deroer. It boek Wetter fan Linda de Haan is in oade oan de magy fan wetter – en oan hoe’t bern de wrâld ûntdekke.

Doe’t Seppe (7) en ik it boek útpakten, wiene we beide nijsgjirrich. In printeboek foar bern fan 7-10 jier, dat sjochst net faak. Meastal lêze we foar út boeken mei lange ferhalen en mar in pear plaatsjes. Mei in printeboek is it wer even oft we weromgean nei syn pjuttetiid. Mar fersin dy net: by dit boek moatst it kopke derby hâlde. It boek lêst nammentlik wat kaleidoskopysk. Ferskillende situaasjes wurde oanstipt en dan fladderet it boek wer fierder nei wat oars.

Ik moast der wat oan wenne, mar doe betocht ik my dat it brein fan ús bern ek sa wurket. Hjir wat oppikke, dêr wat sjen en der letter nochris oer neitinke. De yllustraasjes drage dêroan by. Wat yn de tekst foar in part útlein wurdt, wurdt fierder dúdlik makke yn de blau mei reade platen. It leuke is dat de yllustraasjes net allinnich ekstra fragmintsjes binne foar de bern om it boek – en alles oer wetter – better te begripen, mar dat der foar de foarlêsâlder ek aardige details yn stean. In bekende tekst op it kofjeskepke, de papieren boatsjes op de klean fan de master, en mem dy’t it komplete Woudagemaal op it strân neibout.

Healwei it boek fynt Wisse in âlde flesse mei in brief deryn, dy’t giet oer in fergetten wettersneed. It is wat al te tafallich dat de buorjonge krekt oer dy ramp leard hat. Mar Linda de Haan komt dêr mei wei, omdat Wisse foarbygiet oan de bysûnderheid fan de flessepost. Gjin piraten of skateilannen yn dit boek. Nee, it giet Wisse om watfoar moais ast fan flessen en wetter meitsje kinst. Ferwachtsje fan dit boek dus gjin spannende ferhaallinen, mar lês it as in ûntdekkingstocht. Dit boek lit ús sjen hoe’t in jonge alle feiten oer wetter absorbearret en se him eigen makket.

Wetter is in bysûnder boek om der in pear kear by te pakken. Net foar it ferhaal, mar wol foar de ferwûndering. En fansels om de eksperiminten thús ek te probearjen. Of de feiten oer wetter fierder út te sykjen as dyn bern likefolle fan wetter hâldt as Wisse docht.

Irene Steens

Mem fan Seppe (7) en Arne (4)

De resinsje fan Irene: Molly, Aukje en Jelmer

De resinsje fan Irene: ‘Wêr is Keimpe?’

‘In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek’ stiet der op de efterkant fan it boek Wêr is Keimpe?. En sjen, leare en fertelle: dat kin mei dit boek yndie prachtich troch de platen dêr’t fan alles op bart en dêr’t Keimpe de Krokodil him op ferstoppe hat.

Jonge bisten: resinsje fan Irene

De resinsje fan Irene: It simmerboek

Fan bûten sjocht it der al as in prachtich boek út. Lekker simmersk giel en útnûgjend dik. Hoewol’t ik oars hoopje, kin it mei dit boek de hiele simmer wol reine, want it boek hat hast 100 siden mei ‘simmerske ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes. Foar yn de simmerfakânsje, thús of ûnderweis.’