It nije nûmer fan Heit&mem is der wer – fol mei ynspiraasje, ferhalen en fleurige bernepraatsjes foar alle heiten, memmen, pakes, beppes en oppassers fan bern fan 0 oant 12 jier. En it moaiste fan alles: it blêd is hielendal fergees!
Yn dit nûmer: 🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend 🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied? ⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne? 🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa 👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje. 📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer 🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl
Op de cover stiet de trijejierrige Marije Koerts út Grou. Marije wennet dêr mei har heit, mem en lytse broerke Jorrit. Marije hat in Nederlânske papa en in Fryske mem en wurdt dêrom twatalich grutbrocht. Dat soarget foar de moaiste kombinearre útspraken. Marije sit op gymnastyk, is hiel kreatyf en muzikaal. Se sjongt de hiele dei troch ferskes. It leafst fan Frozen, want se is op dit stuit in grutte Elsa-fan. As der wat bart dêr’t gjin ferske oer bestiet, dan betinkt se sels wol ien. Ek fynt Marije it hiel leuk om yn de keuken te helpen mei itensieden of wat lekkers te bakken. At se letter grut is, wol se juf wurde op de pjutte-opfang.
Bern en bakke – in gouden kombinaasje! Wy sykje foto’s fan bern mei moal oan ‘e fingers, in grutte laits op it gesicht en fansels wat lekkers yn ‘e oven. Hast sa’n momint fêstlein?
Upload hjir dyn favorite bakfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn de online edysje fan it tydskrift ‘heit & mem’!
Hasto in lytse fisker thús dy’t mei grutskens syn earste fangst sjen lit. Of in bern dat fol konsintraasje mei it angeltsje oan’e wetterkant sit te kueren? Wy binne op syk nei de moaiste, grappichste en leafste foto’s fan basisskoallebern dy’t oan it fiskjen binne – of fansels krekt dy iene fisk fongen hawwe!
Upload hjir dyn favorite fiskersfoto en wa wit sjochst dyn bern werom yn it tydskrift ‘heit & mem’!
Baukje Snieder is ynterieurstyliste/ûntwerpster en dosint op de oplieding Styling Design by Firda. Dêrneist stekt sy in soad tiid yn it dielen oer har wurk en libben op Instagram (@baukjesnieder), mei mear as 20.000 folgers! Sy is no 19 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.
Talen kleuren het leven van Fatma Abdela. Ze is geboren in Eritrea op een boerderij met veel koeien, kippen en schapen én een kat. Thuis in Eritrea spraken ze Saho, één van de negen talen die Eritrea rijk is. Met anderen spraken ze vaak Tigrinya, een van de grootste talen van het land. Arabisch kon ze alleen lezen.
Vrouwen zijn gemaakt om te bevallen, wordt er gezegd. Misschien om ze gerust te stellen dat het ‘heus wel goed komt’. Maar wat als…? Jody denkt er al over na ruim voordat het zover is. Ach kom, dat valt mee! is steevast het antwoord, dus gaat ze ‘vrouwmoedig’ de bevalling in.
Wiepie van der Veen wennet mei har man Hendrik en harren famke Hanne (9) sûnt de simmer fan 2024 yn it noarden fan Sweden, yn Boden, en wurket as HR-spesjalist.
‘Wy binne wâldpiken: ik kom út Mûnein en Hendrik út Bûtenpost. De nochtere blik fan de Friezen is hast ien op ien gelyk mei de mentaliteit fan de Noard-Sweed’, fertelt Wiepie.
Heit&mem: de namme fan dit tydskrift is op in hiel soad húshâldingen fan tapassing. Mar der binne fansels ek folop farianten. Heit&heit. Of mem&mem. Jinke en Maaike-Jelle heakje dêr graach noch in fariant oan ta: mem&mapa.
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.