Zoek op inhoud

Sliepfeest

We hiene it ferline jier al dien, dus ek dizze kear koene we der net oan ûntkomme: de 12e jierdei fan Alant moast fierd wurde mei in sliepfeest.

We diene it doe mei in lyts groepke, no moasten der fansels mear famkes komme. Ek omdat se no yn groep 8 sit en dit nei alle gedachten it lêste bernefeestje wurdt. En sa kamen wy op in totaal fan njoggen famkes. Ik tocht dat dat mear as genôch wie, want hoe mear famkes, hoe mear drokte, kibbeljen en razen… Ik makke my der net echt drok om, mar earlik sein: ik seach der ek net echt nei út. Ik fyn it in hiele ferantwurdlikheid, al dy famkes oer de flier, en de hiele nacht prate en laitsje liket my net sa nuttich ta. Alant hie ús warskôge: ‘De lêste kear kamen jim by ús om te sizzen dat it stil wêze moast, dat kin net wer hear, ik skamme my dea!’ We sille sjen hoe’t it giet, mar it is wol handich om mei in programma fan aktiviteiten te kommen. No, dat kinne jo oan har oerlitte. Ik seach mysels yn har werom. As in betûfte kreative learaar makke se in strang skema fan aktiviteiten foar jûn en nacht: in spul foar it kadootsjes jaan, in sliepshirt kleurje mei markers, ‘Wie is de mol’ sjen, ‘30 seconds’, en it hichtepunt fan ’e jûn: bûten it spul ‘Jachtseizoen’ spylje. Ik moat sizze, de jûn fleach foarby en de famkes wiene best op ’t skik.
It wie tiid om de sliepseal (ús wenkeamer) op oarder te krijen. Matrassen dellizze, luchtmatrassen opblaze, en it is net te leauwen hoe fluch de keamer, ek troch it ôfsjitten fan in konfettykanon, in gaos wurde kin. Wy tochten dat 1.00 oere in goeie tiid wie om sliepen te gean. Doe wie it ek al frij stil en wy as âlden gongen nei boppen. We hearden noch wat lûd, mar Alant hie ús ommers warskôge: ‘Kom net!’ In kertier letter kaam se sels by ús, bytsje yrritearre: ‘Wy wolle sliepe, mar der binne noch dy’t praten bliuwe. Se harkje net nei ús! Kinne jim dêr wat oan dwaan?’ Ik bin laitsjend nei ûnderen gien en ha de famkes freonlik mar strang tasprutsen, wêrnei’t se oant 7.30 oere sliept ha. Best gien! Alles wat we deroan oerholden hawwe, binne trije pear sokken, want dy wiene fan nimmen.
Alant wie tefreden: ‘Takom jier wer, heit?’ Dêr sliepe wy noch in nachtsje oer.


Johannes Haanstra is dosint en teamlieder spesjaal ûnderwiis, fierljepkommentator en heit fan Brend (12), Alant (10) en Mered (8).

Ferneamd: Sipke

‘Pake dropke?’ Pake syn auto stiet noch mar krekt foar hûs of Sipke en syn broer Wiebren drave op him ôf. ‘Se witte dat ik dropkes yn de auto ha. It is altyd it earste wat se freegje’, seit pake Sipke.

Linda is in echte tûzenpoat

Linda is yllustrator, foaral fan boeken foar bern, of minsken dy’t har noch altyd jong fiele. Se hat har atelier yn Burgum, dêr’t it fol hinget en stiet mei proefkes fan inkt, makke fan beammen − as ynspiraasje foar har nije boek − mei stimpels dy’t se sels makket, boeken, tekeningen, oantinkens fan reizen en boekrelatearre merchandise. Alles fertsjintwurdiget in stikje fan Linda har wurk.

Lêstip fan Keimpe: De Goargels

Trendsetter

Omdat ik wat lêst fan ’e knibbel hie, waard my advisearre om it skuonmerk Skechers te probearjen. Se ha in sêft fuotbêd en se rinne hearlik. Dêrby binne se yn moaie kleuren beskikber.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine