Zoek op inhoud

Friesland är i mitt hjärta, Sverige är mitt hem!

Fryslân sit yn myn hert, Sweden is myn thús!

Wiepie van der Veen wennet mei har man Hendrik en harren famke Hanne (9) sûnt de simmer fan 2024 yn it noarden fan Sweden, yn Boden, en wurket as HR-spesjalist.

‘Wy binne wâldpiken: ik kom út Mûnein en Hendrik út Bûtenpost. De nochtere blik fan de Friezen is hast ien op ien gelyk mei de mentaliteit fan de Noard-Sweed’, fertelt Wiepie.

Hoe bisto yn Sweden bedarre?

‘Sweden wie ús favorite fakânsjelân. We rieden in pear jier ferlyn werom fan fakânsje nei hûs, doe’t wy in gefoel fan ûnwennichheid krigen. Wie dat in “Wat wie dizze fakânsje wer geweldich”- gefoel of wie it dochs mear? Dan tinkst faker nei: wat as ús libben yn Sweden wêze soe? Dat makke dat wy ús der mear yn ferdjippe hawwe en nei de emigraasjebeurs west ha foar mear ynformaasje. Earst mei ús blik wat op it Suden fan Sweden, mar hieltyd mear waard it Noarden ynteressant. Wy hawwe doe yn 2023 mei in camper in rûnreis makke en hoe mear wy nei it Noarden toerden, hoe moaier it waard. Hast hjir it echte Sweden, mei bergen, marren, elanden. Echt prachtige natuer en winters is it goed kâld – it kin hjir wol -40° wurde.’
‘Wy hawwe der dus hiel bewust foar keazen om te ferhúzjen nei Sweden. Al hat Fryslân altyd in plakje yn ús hert. Us famylje wennet yn Fryslân, dêr (fideo)belje en appe wy in protte mei. Wy hawwe hjirre yn Sweden prachtige natuer, mar de Fryske griene greiden mei de kij mis ik wolris, dat hast hjir net.’

Hoe is jimme libben dêr?

‘Om in byld te jaan: wy wenje op 24 oeren ‘non-stop’ riden fan Fryslân ôf. Wy hawwe hjir yn Boden in prachtich plak fûn en koartlyn ha wy in hûs kocht oan de doarpsrâne. Yn Boden binne allegearre fasiliteiten en dochs is de natuer ek flakby. Dy kombinaasje fine wy hiel noflik. Hanne hat hjir in leuke skoalle en leuke freonen, dat fine wy ek hiel belangryk. At sy har rêde kin, dan wy ek.’ It ûnderwiis yn Sweden is foar bern fantastysk, wit Wiepie út ûnderfining. ‘Yn Nederlân leit de fokus folle mear op prestearjen en sifers as hjir. Alle bern sitte byinoar en se kenne gjin nivo’s, wat hiel relaxt is. Foar ússels hawwe wy, om wurk te finen, ek advys socht.’

Hanne praat Frysk en it beste Sweedsk fan ús allegearre

Bern pikke sa maklik de taal op’, fertelt Wiepie. ‘Hendrik wurket as dosint Ingelsk en hat dêrfoar trije Sweedske taalkursussen dien, dy kin him dus ek aardich rêde. De bern op skoalle binne allegearre Sweedsk, mar Sweedske bern kinne ek goed Ingelsk. En iksels folgje no in kursus Sweedsk. Op myn wurk prate wy in protte Ingelsk.’

Hokker taal/talen prate jimme thús?

‘Wy prate oan tafel Frysk, op skoalle Sweedsk, op it wurk Ingelsk en Sweedsk en jûns foar it op bêd gean prate wy mei Hanne Nederlânsk. En sa no en dan probearje wy har ek wat Ingelsk mei te jaan. Wat wy merke is dat de spelling de grutste útdaging is. Sa komt der hieltyd wat mear Sweedsk yn ús. It wurd “stuks” is bygelyks echt Sweedsk en dat brûkst hjir in protte, mar yn it Nederlânsk sizze wy net “drie stuks kinderen”, mar Hanne sei lêsten sa moai yn it Frysk: “trije stukjes bern”.’

Wiepie ljochtet ta: ‘Ek al wenje wy yn Sweden, dochs fiele wy ús Fries, wy binne echte Friezen om utens. Mar wy fiele ús ek o sa ferbûn mei hoe’t de Noard-Sweed in balâns fynt tusken thús en natuer. Se hawwe hjirre in stik minder haast. As Fries hast hjir in bêst plak. Moatst wat wenne oan de kjeld, mar krigest der in stik minder reinwetter foar werom.’

‘Wy krije wolris de fraach: is it ek lestich om mei bern dêrhinne te gean? Dan sis ik: as dyn bern 10 jier of jonger is, stimulearje se en de bern rêde harren bêst. It ûnderwiissysteem is útnûgjend, se pikke de taal gau op en florearje samar.’

Tekst: Tineke Witteveen

Matheo leart Frysk, Deensk én Noarsk

Marte Otter: in Fries om utens

Myn namme is Marte Otter, ik bin 36 jier en ik bin berne yn Burchwert. Ik ha in pear jier yn Deinum wenne, wêrnei’t we ferhuzen nei Blessum. Dêr ha ik yn myn middelbere skoaltiid wenne. Ik siet op skoalle yn Frjentsjer, dus dat wie in flink ein fytsen. 

in fries om utens

Aukje: In Fries om utens

Ik wenje no op Sint Maarten, mar ik kom oarspronklik fan De Pomp. Jierrenlang haw ik as keatster aktyf west op de Fryske fjilden – dat wie in prachtige tiid mei moaie suksessen.

Fjouwer generaasjes sterke frouwen

‘We binne allegearre sterke frouwen’, seit Hermie yn de wenkeamer yn Bûtenpost. ‘We binne hiel selsstannich en, op Christine nei, ek allegearre allinne.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine