Zoek op inhoud

De Reinbôge-famylje fan De Rottefalle

Heit&mem: de namme fan dit tydskrift is op in hiel soad húshâldingen fan tapassing. Mar der binne fansels ek folop farianten. Heit&heit. Of mem&mem. Jinke en Maaike-Jelle heakje dêr graach noch in fariant oan ta: mem&mapa.

De sinne skynt folop as Aafke en Sjoerd (2,5 jier) de skuon oandogge. De twaling is sljocht op bûten boartsjen yn de tún. ‘Mapa ook mee?’ freget Sjoerd. Maaike-Jelle rint mei nei bûten om de sânbak iepen te dwaan. ‘Memmy ek komme!’ ropt Aafke fanôf de traaptrekker. Mei baby Renske op ’e earm giet Jinke yn ’e sinne op ’e túnbank sitten. En sa is de ‘reinbôge’-famylje fan De Rottefalle kompleet.

In titel dy’t krekt net past

Sûnt Aafke en Sjoerd yn 2022 berne waarden, is Jinke mem en Maaike-Jelle mapa, in kombinaasje fan mama en papa. Maaike-Jelle: ‘Ik ben non-binair, wat betekent dat ik me niet identificeer als man of vrouw. Toen Jinke en ik trotse ouders werden, kozen we voor “mem” en “mama”. Dat leek een prima oplossing, maar toch paste de titel “mama” niet bij me. Ik voelde me geen mama. Per toeval kwam ik een artikel tegen over een ouder die in transitie was en koos voor “mapa”. Dat paste voor mijn gevoel veel beter. Vanaf dat moment weten Aafke en Sjoerd niet beter of ik ben mapa.’

Sa gewoan as Aafke en Sjoerd it fine dat se in mem en in mapa ha, sa gewoan is it ek dat Dirk sa no en dan op besite komt. ‘Dirk is ús donor’, fertelt Jinke. ‘Sa’n fiif jier lyn binne wy fia Stichting Meer dan Gewenst op syk gong nei in donor. Sa kamen wy yn kontakt mei Dirk. Der wie fuortendaliks in klik. Wy ha it kontakt stadichoan opboud, om der wis fan te wêzen dat ús winsken goed opelkoar ôfstimd wienen. Fansels ha wy alle ôfspraken fêstlein, mar foar ús wie benammen it gefoel hiel wichtich.’

‘Wy krije de meast bysûndere fragen’

De klassike heiterol

Dirk hie sels gjin winsk om heit te wurden, mar fynt it tagelyk wol hiel bysûnder dat Aafke, Sjoerd en Renske der no binne. ‘Regelmatig komt Dirk op bezoek of gaan we naar hem toe’, fertelt Maaike-Jelle. ‘Wij vinden het belangrijk dat Aafke en Sjoerd ‒ en later ook Renske ‒ weten waar ze vandaan komen. Daarom kiezen we ervoor om Dirk een zichtbare plek in ons leven te geven. Hij heeft misschien niet die klassieke “vaderrol”, maar voor ons is hij heel belangrijk.’

Oer de ‘klassike’ heiterol sprutsen: der binne in hiel soad minsken dy’t benijd binne hoe’t dat krekt sit yn harren reinbôge-gesin, fernimt Jinke. ‘Wy krije de meast bysûndere fragen’, laket se. ‘Doe’t de twaling noch lyts wie, gongen wy in hiel soad te kuierjen. Sa’n dûbele bernewein luts fansels al in soad nijsgjirrige blikken. Mar geregeld krigen wy ek nijsgjirrige fragen. Bygelyks de fraach wa’t dan de “echte” mem wie. Of hoe’t wy yn ferwachting rekke wienen. En fansels hoe’t de taken dan by ús thús ferdield wienen. Wy jouwe altyd earlik antwurd, mar somstiden tink ik wolris: “Freegje jim dit oan élkenien mei in bernewein?”’

‘Ik tink dat it loslitten fan al dy stereotypen it libben in stik makliker én moaier makket’

Loslitten fan stereotypen

As aktyf gesin gean Maaike-Jelle en Jinke dy nijsgjirrige blikken net út ‘e wei. ‘Juist door ons verhaal te doen, bijvoorbeeld in dit blad, hopen we dat er meer zichtbaarheid komt voor queer ouders’, leit Maaike-Jelle út. ‘Wij vinden het zelf erg leuk om verhalen te lezen van andere queer gezinnen. Dat zorgt bij ons voor herkenning, maar hopelijk bij anderen voor erkenning. In Rottevalle kunnen we gelukkig zijn wie we zijn. Onlangs kregen we bij de geboorte van Renske een kaartje in de bus met daarop als aanhef “Voor de trotse ouders”. Daar ben ik ontzettend blij mee. Dat doet me echt wel iets.’

It loslitten fan it tinken yn hokjes lykas ‘man of frou’ en ‘heit of mem’ smyt boppedat in hiel soad frijheid op, fynt Jinke. ‘Wy ferdiele de soarchtaken fan begjin ôf oan fifty-fifty. Maaike-Jelle soarget likefolle foar de bern as ik. Trochdat wy minder fêstsitte oan de ferwachtingen dy’t by “gender” hearre, is ús gesinslibben folle mear yn evenwicht. Us bern witte net better, mar ik tink dat it loslitten fan al dy stereotypen it libben in stik makliker én moaier makket.’

Tekst: Nynke van der Zee
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Een draagmoeder maakte twee vaders

Dat in bern likegoed yn in hert groeie kin as yn in búk, bewize Rick (31) en Nick (34). In draachmem ferfolle harren hertewinsk, sy waarden heit en heit. ‘Het heeft allemaal zo mooi uitgepakt.’

De resinsje fan Jinke: “Kening en Kening”

In freondinne foar it libben

It foarfal op 12 juny 1979 wie in markearpunt yn it libben fan Reny Mous (59) en Maaike Greydanus (58) út Jirnsum. De twa-ienheid spatte útinoar, mar se binne freondinnen foar it libben. Al mear as 45 jier en foar altyd.

Wurdsto pake of beppe?

Lokwinske! Wat in bysûndere tiid stiet jim te wachtsjen. Net allinne foar dyn soan of dochter, mar ek foar dy feroaret der in soad. In nije generaasje, in nije rol… en miskien wol in fêste oppasdei? As pake of beppe silsto in unike rol spylje yn it libben fan dat nije minskje.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine