Digitaal eksimplaar
Leaver lêze op papier?
💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.
✨ Yn dit nûmer:
❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨👩👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken
In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛
Leaver lêze op papier?