Zoek op inhoud

Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten. 

‘Ik wit net better as dat ik alles yn kleuren foar my sjoch. En it grappige is: it Frysk hat foar my in oare kleur as it Nederlânsk. It wurdsje “maan” hat oare kleure-assosjaasjes as de letters fan it wurd “moanne”.’

Dat Femke in kleurryk persoan is, witte in soad minsken yn Fryslân miskien al. Mei har moaie donkere stim bringt se as radiopresintator by RTV Noord en as backing vocal fan har muzikale suster Elske Dewall oeral wol fleur en faasje. Yn har brein is it lykwols ek ien grut kleurefeest.

Se begjint te laitsjen wannear’t se fertelt wêr’t se de kleuren krekt sjocht. ‘It bart allegear yn in sirkel skean boppe myn holle. In soarte fan swevende bol, dêr ferskine de kleuren.’ Har trije bern, dy’t meiharkje ûnder it ynterview, sjogge harren mem raar oan. ‘Synestesy is in erflik fenomeen, mar ik leau net dat myn bern synestesy hawwe.’

Wat is synestesy?

  • Synestesy is in neurologysk ferskynsel. Dyn harsens ferbine dêrby sintugen mei-inoar. Bygelyks: do sjochst kleuren asto muzyk hearst, of wurden hawwe foar dy in smaak.
  • Sa’n 2 oant 4 prosint fan de wrâldbefolking hat synestesy.
  • Minsken mei synestesy witte net better as dat se dat harren hiele libben al hawwe.
  • Elkenien wurdt berne mei in sekere graad fan synestesy, mar dy ferbiningen stjerre by de measten ek wer ôf.

Wurden en gelûden roppe dus kleuren op by Femke. ‘Jierren lyn hie ik pianoles fan de Amerikaanske muzikant Tollak Ollestad. Doe’t hy trochhie dat ik noaten en akkoarden yn kleuren yndielde, fertelde hy my dat ik synestesy haw en dat dat hiel spesjaal is. Ik wie my dêr oant dy tiid net iens fan bewust. Foar my is it hiel normaal en ik haw der ek gjin lêst fan.’

Wannear’t Femke yn de studio teksten lêst, sjocht se gewoan swarte letters, mar at se letters of sifers heart, dan ferskine dy yn kleuren. Sels tinkt Femke dat it ek te krijen hat mei har absolute gehoar. ‘As ik in noat hear, kin ik dy eksakt fertelle watfoar noat dat is. Ik bin dêrneist ekstreem heechsensityf. Oan it sykheljen fan myn bern kin ik faak al hearre wat se my fertelle wolle.’ 

In skoftlang koe se trouwens net nei jazzmuzyk lústerje. ‘Ik hearde alle noaten trochinoar. Dy fan de piano, gitaar en bas en dan seach ik alles yn in reinbôgepalet foar myn holle. Lokkich slagget dat no better. Ik kin no hiel rêstich nei muzyk harkje. Muzyk yn in oaze fan kleuren.’

Dr. Tessa van Leeuwen is kognityf neurowittenskipper oan de Universiteit fan Tilburg.
Se docht al hiel lang ûndersyk nei it ferskynsel synestesy.
Sels hat se it trouwens ek.
Yn har ûndersyk sjocht se boppedat nei de relaasje dêrfan mei ûnder oaren heechsensiviteit en autisme.

Foar Femke hat it alfabet 26 kleurfarianten. ‘Fan ljocht nei donker en fan waarmbordeaux oant felread.’ En ek sifers. ‘Dat giet dan fan 0 oant 9. Getallen mei mear sifers wurde in kleurekombinaasje ôfhinklik fan de sifers dêr’t it getal út bestiet.’ Ek nammen hawwe foar Femke kleuren. ‘It is gjin aura hear, mar mear in kombinaasje fan de letters fan ien syn namme en oft it in waarm persoan is of net. En do mei dyn blonde hier, Froukje, do hast der ek noch in blond rantsje omhinne, haha.’

Skriuwer: Froukje Sijtsma

Sinne (10) hat synestesy

Sinne Schoutsen út Ljouwert komt der by tafal achter dat sy ek synestesy hat. Se sit by de skriuwer fan dit artikel oan tafel, dy’t fertelt oer it tema dêr’t se oer skriuwt. Dan seit Sinne: ‘Dat heb ik ook. Niet alleen cijfers, dagen en maanden hebben voor mij een kleur, maar namen van mensen geef ik in mijn hoofd ook een kleur.

Mijn moeder heet Miranda, zij is groen.’ Foar har mem is dat in hiele iepenbiering. ‘Ik wist helemaal niet dat Sinne dit heeft. Ze is wel heel gevoelig, dus ergens kijk ik er niet raar van op. Onze twee andere dochters zeggen dit niet te hebben, maar het is wel heel interessant om hier meer over te weten te komen.’ 

Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene

Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.

Kleureblyn? Dat is net sa swart-wyt

Sa’n acht prosint fan de jonges is kleureblyn. By famkes komt it minder faak foar: 0,4 prosint fan harren hat dy ôfwiking. Mar wat is it no krekt? En wat betsjut it?

Baby’s houden van lezen

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.

Linda is in echte tûzenpoat

Linda is yllustrator, foaral fan boeken foar bern, of minsken dy’t har noch altyd jong fiele. Se hat har atelier yn Burgum, dêr’t it fol hinget en stiet mei proefkes fan inkt, makke fan beammen − as ynspiraasje foar har nije boek − mei stimpels dy’t se sels makket, boeken, tekeningen, oantinkens fan reizen en boekrelatearre merchandise. Alles fertsjintwurdiget in stikje fan Linda har wurk.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine