Zoek op inhoud

Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.

Twirre sit yn groep 4 en is dêr de jongste. It moaiste fynt se it pluswurk. ‘Ik fyn it leuk om allegear dingen te witten dy’t je eins pas yn groep 6 leare.’ Ek projekten fynt se moai. Ien kear mochten se sels in pretpark ûntwerpe. Twirre en har maatsje betochten ‘Slagharen Waterland’, mei allegear wetterattraksjes, kano’s en in maskotte dy’t ‘Discoman’ hjit.

Twirre (7 jier)

Lêze: Dit boek is vóór de wolf en Wurdskat

Sjen: Freek Vonk, Topdoks, Steken en Prikken, Boswachter Tim, Binnenvet

Dream: Oait mei myn famylje in toanielstik spylje. Ik bin dan it famke en rin troch it bosk mei in túnbroekrokje. Ik sjoch blommen yn alle kleuren fan ’e reinbôge en helje dan de grutte minsken en de bern op. Heit ûntwerpt en makket it dekôr.

Nei skoalle boartet Twirre in soad mei Elvike, Frouk of Anne Coby. Se boartsje ‘vadertje en moedertje’ of betinke toanielstikjes mei muzykynstruminten en moaie klean. ‘Wy boartsje ek op souder, dêr ha ik in trapeze. Of we springe op myn bêd.’ Frouk en Anne Coby sitte ek mei Twirre op hiphopdûnsjen. Se oefenje no foar in wedstriid. De foarige kear hiene se de twadde priis wûn. ‘We mochten de priis net mei nei hûs nimme, mar wy hiene wol in moaie herinnering.’ Se ha ek al in show hân yn de Harmonie. Dat fûn Twirre geweldich om te dwaan. ‘Ik fyn it leuk om foar minsken op te treden, dat je minsken bliid meitsje kinne.’ Dûnsjen is net Twirre har iennichste hobby. Se hâldt ek fan tekenjen en kleurjen, sit op kuorbal en op reedriden. En as se aanst klear is mei swimles, dan mei se ek in muzykynstrumint bespyljen leare.

Twirre wennet op twa plakken, by har heit yn Jorwert en by har mem yn Mantgum. ‘Ik fyn it hiel leuk om yn Mantgum te wenjen. Se hâlde hjir in soad rekken mei de natuer. Sjochst hjir net in soad beton yn ’e tunen ofsa.’ De natuer is foar in takomstich biolooch fansels hiel belangryk. ‘Ik seach juster in natuerfilm en snap net wêrom’t minsken sa ferkeard tsjin de natuer dogge. As wy alles kapotmeitsje, dan kinne wy sels ek net mear leve.’ Wize wurden fan dizze ‘simmerske dwarrelwyn’.

Tekst: Hieke Rienstra
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie

Oer Mantgum

Mantgum (gemeente Ljouwert) is in doarp mei sa’n 1.100 ynwenners. It doarp leit oan de spoarline Ljouwert-Starum. Yn it doarp steane aardich wat ryksmonuminten en de doarpskom sels is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Mantgum hat in pear winkels, lykas in bakker, supermerk en skuonwinkel. Der is ien basisskoalle (OBS De Gielguorde) en in doarpshûs (MFC de Wjukken) mei dêrby in beweech- en boarterstún oan de Mantgumerfeart (Plan Boppeslach).

Fierder hat Mantgum in bloeiend ferieningslibben mei ûnder oaren in keatsferiening, in kuorbalferiening en in tennisferiening.

jort

De bern fan Mantgum: Jort

Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.

synestesie

Synestesy: Femke en Sinne sjogge alles yn kleuren

Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten. 

Suskes Anne en Gerbrich trije kear tagelyk yn ferwachting

Se krije geregeld de fraach oft se harren swangerskippen miskien opinoar ôfstimd hawwe. Anne Kruisenga-Rohn (34) en Gerbrich van Baar-Rohn (32), opgroeid yn Arum, moatte dêr altyd om laitsje. ‘It is echt tafallich dat wy dit alles tagelyk belibje meie.

lewyna

Ferneamd: Lewyna

Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine