Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.
Jort giet al in skoftke nei skoalle. Hy sit yn groep 2 fan basisskoalle ‘De Gielguorde’ by juf Anne en juf Wilma. Jort syn freonen binne Otis, Ids, Lea, Sarah en Lot. ‘Mar Lot en Sarah sitte yn groep 1, dus dy sitte folgjend jier net mear by my yn ’e groep.’ Wat er it leafste docht op skoalle, dat wit er net, mar mem Leontien hat wol in idee. ‘Do giest altyd drekst op it konstruksjemateriaal ôf toch, Jort, lekker bouwe? Of yn ’e húshoeke? En bûten boartsje fynst ek moai, toch?’ O ja, dêr is Jort it wol mei iens.
Underwylst boartet er moai mei syn aksjepoppen, dêr hat er in hiel soad fan. Spiderman is de leukste, want dy hat spinnewebben. Mar ek knuffelknyn Nynny is favoryt. As Jort frege wurdt nei syn moaiste boek (De krokodil die niet van water hield) krijt Jort dêr wol sin oan. ‘Dy moat mem no foarlêze, mem!’ It is dúdlik, gjin drege fragen mear. Mar lekker lêze Jort!

Jort (5 jier)
Lêze: De krokodil die niet van water hield
Sjen: Voor het blok
Dream: Plysje wurde en myn broers helpe op ’e pleats
Oer Mantgum
Mantgum (gemeente Ljouwert) is in doarp mei sa’n 1.100 ynwenners. It doarp leit oan de spoarline Ljouwert-Starum. Yn it doarp steane aardich wat ryksmonuminten en de doarpskom sels is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Mantgum hat in pear winkels, lykas in bakker, supermerk en skuonwinkel. Der is ien basisskoalle (OBS De Gielguorde) en in doarpshûs (MFC de Wjukken) mei dêrby in beweech- en boarterstún oan de Mantgumerfeart (Plan Boppeslach).
Fierder hat Mantgum in bloeiend ferieningslibben mei ûnder oaren in keatsferiening, in kuorbalferiening en in tennisferiening.
Skriuwer: Hieke Rienstra
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie
De bern fan Reahûs
Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.
Ferneamd: Lewyna
Lewyna Jelsma: ‘Ik hie hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Dêr hie ik it noch noait mei ús dochter Anja oer hân. Mar doe’t se my nei de befalling belle en fertelde dat se harren famke Lewyna neamd hienen, waard ik wol emosjoneel. Myn namme komt net in soad foar, dus it wie in prachtige ferrassing.
Synestesy: Femke en Sinne sjogge alles yn kleuren
Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten.