Sa lêze wy: Eke en Doete
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
Foarlêze bringt net allinnich rêst, mar ek ferbining. It is in momint sûnder ôflieding, mei folsleine oandacht foar inoar. Doete lústeret nei de wurden fan mem, sjocht nei de plaatsjes en libbet har hielendal yn, yn it ferhaal.
Binnen ús gesin is it Frysk in wichtich part fan wa’t wy binne. Wy prate de taal alle dagen en fine it wichtich om dy ek troch te jaan oan ús trije dochters. Troch alle jûnen yn it Frysk te lêzen, groeit net allinnich de wurdskat fan Doete, mar ek har gefoel foar de taal. It wurdt sa fanselssprekkend en eigen.

In grutte favoryt by ús thús is it boekje Fan de lytse mol. Dat ferhaal wurdt hieltyd wer út ’e kast helle. Doete ken it hast út ’e holle en dat makket it ekstra bysûnder: se “lêst” it no ek al foar oan har mem, op har eigen wize. Mei in soad fantasij fertelt se it ferhaal nei, soms krekt oars, mar altyd mei in grutte glimk.
Sa wurdt foarlêze net allinnich in momint fan ûntspanning, mar ek fan ûntwikkeling en wille. In lytse ynspanning, mei in grutte betsjutting foar no én letter.
Sa lêze wy: Jelle, Indy en Syb
‘It foarlêzen bringt ús struktuer yn ’e dei: alle jûnen foar it sliepengean lêze wy in ferhaaltsje. Nei it toskpoetsen wit Indy wat der komme sil en siket se gau in boek út. Meastentiids in boek dat heit foarlêze moat, én in boek foar harsels, sadat sy ek sels “foarlêze” kin. Har favorite boek is “Het allerleukste voorleesboek van Muis”, “Coco” en de boekjes fan Stip. Dy boeken hawwe prachtige tekeningen en moaie ferhalen.
Boekresinsje ‘De geheime doar’ troch Hilda
Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.
De resinsje fan Wytske Jongbloed: Ate en de seeheks
Klifmantsje Ate, of moatte wy sizze klifwyfke Atalanta of Atsje, wennet yn it wite klifhûs oan it Marderklif. Op in dei bringt postdo Hipke him in wichtige brief fan syn omke Simen. Omke Simen hat lêst fan rinneritus en hat dêrom de help fan Ate nedich. Om te helpen moat Ate wol in besite bringe oan de gefaarlike seeheks yn Laaksum…