Ien bern
It getal ien: wannear is in gesin eins ‘ôf’?
‘Wannear komt de twadde?’ is de fraach dy’t al gau oer de tafel fljocht. Mar achter de foardoar sjocht de wrâld der faak hiel oars út. Yn Snits gie it poppeguod de doar út út in gefoel fan kompleet-wêzen, yn Ychtenbrêge út in gefoel fan loslitten.
It byld dat ferskoot
Eelco en Janneke hawwe ien dochter. Se woene graach noch in bern, mar dat slagge net. Tsien jier lang stiene trajekten, ôfspraken en hoop sintraal yn harren libben. Yn jannewaris fan dit jier setten se definityf in streek ûnder de medyske trajekten. ‘Wy hiene altyd it byld fan twa bern yn ’e holle’, fertelt Janneke. ‘Dat fielde wol as it gewoane plaatsje.’
Dat plaatsje begûn te ferskowen doe’t se derachter kamen dat se ôfhinklik wiene fan in donor. Harren dochter waard úteinlik berne mei help fan in donor út de famylje. Letter folgen ICSI-trajekten foar in twadde bern. ‘Je moatte der wer mentaal oan ta wêze’, seit Janneke. ‘Dat freget echt wol wat fan je.’
Alle kearen bleaunen de behannelingen sûnder resultaat. Noch deselde jûns nei it lêste besykjen yn it sikehûs siet Janneke al te sjen nei oare opsjes. ‘De winsk om noch foar in bern soargje te kinnen, wie gewoan hiel grut’, seit se. ‘Guon minsken seine dan: jim hawwe toch al in bern? En dat is fansels ek sa’, seit Janneke, wylst se efkes nei harren dochter sjocht. ‘Mar je gunne har ek wat. In broerke of suske.’ Eelco en Janneke binne no stadichoan dwaande mei it oprêden fan poppeguod. Spullen dy’t earst bewarre bleaun wienen foar letter. Dat letter komt net mear.

De rykdom fan it genôch
Yn Snits is de útkomst itselde, mar de rûte oars. Deborah en Jurjan Posthuma hawwe ek ien bern: soan Jelle Minne fan alve jier. Mar wêr’t by Eelco en Janneke de bernewinsk bleau, fielde foar Deborah ien bern eins altyd al genôch. ‘Myn gefoel hat altyd west: ien berntsje is foar my goed sa’, fertelt se. Doe’t se yn ferwachting wie fan Jelle Minne wie se 36 jier. ‘Dan binne je je der ek wol fan bewust dat it net fanselssprekkend is.’
Nei de berte fan Jelle Minne hie Deborah tiid nedich om harsels wer wat werom te finen. Se fertelt dat se it gefoel hie tsjin in postnatale depresje oan te sitten. ‘Ik bin in soarchsum type’, seit se. ‘Jelle Minne en Jurjan steane op it earste en twadde plak. Ik op trije. Doe tocht ik wol: as der noch in bern komt, sko ik sels noch fierder nei achteren. Kin ik dat wol?’ Jurjan hie earst wol de winsk om mear bern te krijen, mar troch der in soad oer te praten kamen se ta deselde konklúzje. ‘Foar ús is it goed sa’, seit Deborah. ‘Wy binne lokkich mei syn trijen.’
De stille fragen
Likegoed fernuveren de reaksjes út de omjouwing harren geregeld. Deborah wit noch goed dat se kleantsjes en poppeguod fan Jelle Minne ferkocht doe’t er noch gjin twa jier wie. ‘Ik krige fuortendaliks reaksjes fan: mar do dochst toch net alles fuort? En aanst foar in twadden?’ Har soan hat wolris sein: ‘As der mar gjin baby yn ’e hûs komt mem, dêr haw ik gjin nocht yn.’
Ek Eelco en Janneke merke dat der soms wat in taboe rêst op in gesin mei ien bern. ‘Soms fielst yn wat minsken net sizze dat se tinke: soe der wat achter sitte?’ seit Eelco. Dy stille fragen drage faak mear mei as allinnich nijsgjirrigens. Achter in skynber gewoane fraach sit geregeld ek de ferwachting dat in gesin út mear as trije minsken bestiet.
Tagelyk hawwe beide húshâldingen harren eigen foarm fan lok en ynfolling fûn. Eelco en Janneke genietsje bewust fan de mominten mei harren dochter en sjogge in soad fan de wrâld. ‘Wy witte: wy belibje alles mar ien kear.’ En de oandacht? Eelco moat laitsje: ‘Dat iennichst bern alle oandacht krije? Dat kloppet ek.’
Beide húshâldingen kamen úteinlik út by in gesin mei ien bern. De iene út oertsjûging, de oare omdat it libben oars rûn. Yn Snits gie it poppeguod jierren lyn de doar al út. Yn Ychtenbrêge wurde dêr no stadichoan ek spullen fan ferkocht. Mar dy iene sliepkeamer boppe? Dy bliuwt leech.
Skriuwer: Binnita Poelman
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie
Yn ferwachting Baukje Snieder
Baukje Snieder is ynterieurstyliste/ûntwerpster en dosint op de oplieding Styling Design by Firda. Dêrneist stekt sy in soad tiid yn it dielen oer har wurk en libben op Instagram (@baukjesnieder), mei mear as 20.000 folgers! Sy is no 19 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje.
De resinsje fan Irene: Winterboek
De bledsjes binne noch grien as Seppe (4) it Winterboek útpakt. Dit kado komt tagelyk mei allegear oare pakjes foar syn jierdei, dus in soad oandacht hat hy der net foar, nettsjinsteande de fleurige plaatsjes op it kaft fan bekende figueren lykas Tomke, Sinteklaas en de krokodil Keimpe.
‘Myn bern wol net ite, wat moat ik no?’
As wy jûns binnen sjen koenen by alle húshâldingen yn Fryslân, dan seagen wy grif oan in oantal itenstafels in net sa gesellich tafriel. Bern en iten, wat kin it soms dreech wêze! Sjochsto der ek tsjinoan, jûn wer striid oan tafel? Dan hast miskien wat oan ’e tips fan Hilly Posthumus, sy is orthomoleculair (kinder)voedingscoach.
Resinsje ‘De rôf fan de Fryske Mummy’ troch Marrit
Stel dy it folgjende ris foar: Do bist in famke fan 12, it is simmerfakânsje, en dyn heit en mem geane nei Singapore! Jippy! En dan hearst datst net mei meist. Datst nei in minycamping yn Fryslân moatst. Yn in tinte yn stee fan in hotel. Mei de auto yn stee fan it fleantúch. Mei dyn muoike (tante), en net mei heit en mem. Bale!