Zoek op inhoud

‘Van Bar- tot Baarkruk. De enige zwangerschapscursus zonder poespas. Nuchter, eerlijk, praktisch én met humor. Vanuit de kroeg in Wytgaard. Gewoon mannen onder elkaar.’ In swangerskipskursus spesjaal foar (oansteande) heiten. Nijsgjirrich!

Mar hoe is dat idee eins ûntstien? Dêr freegje ik Trudy Jorna nei, eigener fan it bedriuw ‘Togwel’. Sy hat de kursus opset. Mei har trije bern en har man, Jelle Broersma, wennet se yn de âlde kroech fan Wytgaard. It idee fan in swangerskipskursus is by har as (oansteande) mem ûntstien. Doe’t sy yn ferwachting wie fan de âldste kaam sy derachter dat der fan alles foar memmen organisearre waard, mar neat spesjaal foar heiten. De heiten mochten wol mei nei guon kursussen fan ferloskundigen, mar dy binne faak mear rjochte op de frou. Spitich, fûn Trudy. Of soene oare mannen dêr ek gjin ynteresse foar ha? Yn elk gefal wie it siedsje plante.

It idee bleau en as gedrachswittenskipper seach sy allinnich noch mar mear redenen om dizze kursus op te setten. Want de heiten meie sjoen én belutsen wurde yn it hiele proses fan swangerskip, befallen, it kreamjen en alles wat dêrnei komt. Fandêr ek de opbou fan de kursus: de earste jûn fertelt ferloskundige Marije Mink fan it Bertehûs alles oer de swangerskip en it befallen, dêrnei is âld-kreamfersoarchster Lenie Jaspers mei in pear kollega’s oan bar om de mannen yn aksje te setten en harren alles te fertellen en te learen oer hoe in poppe yn de Maxi-Cosi te dwaan en derút te heljen, goed fêst te hâlden, te ferskjinjen en noch folle mear. Relaasjeterapeut Jeroen Stek fan Maarsingh & Van Steijn sil de oansteande heiten fertelle hoe’t sy har servys én relaasje hiel hâlde kinne en slút dêrmei de kursus ôf. Dy lêste jûn koe ik noch by oanskowe.

En sa siet ik samar op in moandeitejûn yn ’e kroech, mei 13 manlju – én Trudy fansels. Ien foar ien drippe se binnen en strike del oan ’e bar. De mannen kenne inoar yntusken en begroetsje inoar entûsjast. De sfear sit der fuort yn en der fleane in pear groffe grappen oer en wer.


As se los meie, wurdt der earst frege nei it húswurk. Oan ’e hân fan in sirkeldiagram en muntsjes moasten de mannen thús mei harren froulju in ferdieling meitsje oer alle fasetten dy’t har thús ôfspylje. Ek de poppe hie dêryn fansels al in oandiel. Dat wie noch in hiele toer! Faak kaam it derop del dat der muntsjes fuorthelle waarden by it stikje relaasje. Oeiii… dat is no krekt wat der net gebeure moat, fynt Stek. Dêrom is hy der jûn ek fansels, want hoe kinne je no soargje dat dy relaasje sterk bliuwt, as der aanst safolle tiid nei de poppe ta giet? Jeroen leit de mannen earst in pear fragen foar dy’t geane oer hoe’t suksesfolle stellen mei-inoar prate. Sa soe praten mei in fraachteken ferbining jaan. As foarbyld jout Jeroen: ‘Ik ga even douchen, goed?’. “It fielt al wat ûnderdienich om tastimming te freegjen”, reagearret ien fan de oansteande heiten. In oaren fynt dat it ek oars kin: “Ik sis gewoan: ‘Ik sil efkes om boadskippen, hasto noch wat nedich?’” Dêr wurdt hurd om lake.



De heiten yn spee bliuwe oandachtich lústerjen. Nei in goed oere seit Trudy: “Jeroen, volgens mij is het tijd voor een biertje.” Dat bier is wol alkoholfrij trouwens, want de frou moat nuchter bliuwe, ‘dus do ek’. Mei de potsjes ‘bier’ en hapkes op tafel geane se fierder. Nei noch folle mear handige tips en ynformaasje dêr’t de heiten mei oan ’e slach kinne, freget Trudy oan ’e ein fan ’e jûn: “Wat vind je Jeroen, zijn ze geslaagd?” Jawis! Dêrop krije alle oansteande heiten in sertifikaat, it bewiis fan dielnimming. Mei in hantekening derûnder is it echt: dizze mannen binne klear foar de poppe! En it sertifikaat? Dat komt op de babykeamer!

Der wurdt noch efkes neipraten oer wat de mannen fan de kursus fûnen. It wurdt dúdlik dat der in soad ferlet wie fan sa’n kursus. Want se binne it der allegear oer iens: it wie in geweldige kursus! Hiel learsum, strukturearre, praktysk, de heiten wurde écht sjoen en se fiele harsels no in stik sekerder. En miskien wol it belangrykste: gjin kâlde, sterile setting mei in systeemplafond en wite lampen, mar in waarme en gesellige lokaasje dêr’t de mannen harsels wêze kinne. ‘It fielt as thúskommen’, sa’t ien fan de kursisten sei. Dus tsjin froulju dy’t yn ferwachting binne, soe ik sizze: stjoer jim manlju nei dizze kursus. Yn dit gefal is it net slim dat se nei de kroech geane, se komme yn elk gefal net dronken thús!

Sjoch op www.vanbartotbaarkruk.nl foar mear ynformaasje.

Skriuwer: Wytske Bouwma

nierfalen

“Papa, doet dialyse pijn?”

Het leven van Bastiaan (44) veranderde voorgoed toen bleek dat hij nierfalen had. Jaren later kwam er nóg een harde klap: zijn zoon Julian (13) blijkt dezelfde nierziekte te hebben. Hoe ga je als vader om met je eigen ziekte terwijl je tegelijkertijd weet dat je kind mogelijk hetzelfde pad moet bewandelen?

doula

Bevallen met een doula

Zelf zag ze best wel tegen haar eerste bevalling op. Mensen om haar heen susten haar destijds een beetje: ‘Dat kun je wel Olga, geen zorgen, komt goed.’ Maar de bevalling overviel haar en ze wist niet wat er met haar lichaam gebeurde. Daardoor kwam Olga in de vechtstand. ‘Ik werkte mijn lichaam tegen. Ik had veel meer op mijn lichaam mogen vertrouwen, dat weet namelijk precies wat het moet doen tijdens een bevalling.’ Twaalf jaar later en drie jongens verder is Olga ter Hart doula (spreek uit als: ‘doela’) en begeleidt zij vrouwen en partners voor, tijdens en na de bevalling.

Angst voor de bevalling, het mag er zijn

Bevalangst. Tien tot vijftien procent van de zwangere vrouwen heeft er last van. En toch is het geen item in de samenleving en ook niet altijd bij de verloskundige. Annemieke Stellingwerf, werkzaam bij Verloskundigenpraktijk Wolkom, wil daar verandering in brengen en begeleidt vrouwen die bang zijn om te bevallen.

Hypnobirthing is net sweverich

Rinske en Ytzen van der Meij fan Aldebiltsyl woene graach in broerke of suske foar harren soan Reinder. Mar Rinske har earste befalling hie sa dreech west dat se bang wurden wie om dat wer mei te meitsjen. Troch de kursus HypnoBirthing krige se it fertrouwen werom.
 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine