Zoek op inhoud

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Foar Amarinske hat it noait in fraach west watfoar taal se mei har dochter prate soe. ‘Ik ha dêr gjin momint oer neitocht, it koe net oars, it wie natuerlik bepaald. Ik bin sels ek grutbrocht yn it Frysk en dy taal stiet foar thús. Mei ús kat praat ik ek Frysk, ek dat is net bewust gien, ik tink dat dat út dyselde natuerlike ympuls fuortkaam.’

Thorsten fynt it moai dat Meike it Frysk meikrijt. ‘Zo krijgt ze op een vanzelfsprekende manier een taal cadeau. Daar heeft ze alleen maar voordeel van.’ Thorsten hat sels inselde soart ûnderfining mei meartaligens. ‘Duits voelt voor mij niet als iets aangeleerds, het zit in me zoals het Nederlands in me zit. Die vanzelfsprekendheid vind ik fijn.’ Dochs komt dat net trochdat syn Dútske mem him de taal meijoech, leit er út. ‘De kijk op meertaligheid was destijds anders. Mijn moeder verhuisde in 1977 vanuit Duitsland naar Ter Apel, mijn vader was een echte Groninger, een paar jaar later werd ik geboren. Mijn moeder koos er bewust voor om Nederlands te spreken, omdat ze dacht dat dat beter voor me zou zijn. Ze vreesde anders een achterstand op school of een mindere aansluiting bij vriendjes. Ook voor haarzelf achtte ze het verstandiger, want ze werkte in een verzorgingstehuis en wilde snel inburgeren.’

De Dútske taal en tradysjes spilen thús dus gjin rol. Sels Dútsk iten kaam net op tafel. ‘Toen Meike klein was, viel het me ook op dat ik geen kinderliedjes kende. Mijn moeder zong geen Duitse liedjes en ze kende geen Nederlandse… Voor Meike verzon ik dus liedjes of ik zong uit de gein het “Grönnens Laid”, hetGroninger volkslied.’

Dat Thorsten de Dútske taal dochs sa goed oppakt hat, komt troch syn famylje oer de grins. ‘We gingen daar vaak op bezoek en ik logeerde geregeld bij mijn oma. Daar kleurde ik in kleurboeken met Duitse teksten of ze stuurde me met twee markstukken naar de supermarkt om de hoek. Later studeerde ik Duits en tijdens de studie ontmoette ik Amarinske.’ It stel wenne en wurke nei de stúdzje ek in jier yn Frankfurt.  

Meike praat Nederlânsk en Frysk. Ek tsjin har Fryske pake en beppe en fierdere famylje praat se Frysk werom. Amarinske: ‘Dútsk praat se eins net, mar op famyljewykeinen sjochst dat se al in hiel soad ferstiet en sa no en dan ek wurdsjes deryn goait lykas danke schön en tschüss. Earder fûn se dat spannend, mar no net mear, se besiket it. Wy fernimme dat se nijsgjirrich is nei taal: as wurden opinoar lykje falt har dat op. Dy rykdom fan taal, dat wolle wy har graach meijaan!’Bovenkant formulierOnderkant formulier

Skriuwer: Marrit de Schiffart
Foto: Hippe Kiek Fotografie

sa prate wy thús

Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske

Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.

Bart Jan en Leanne

Sa prate wy thús: Bart Jan en Leanne

Ratatouille! Sa soesto it taalfeest yn it hús fan de famylje Van Assen neame kinne. In miks fan gebaretaal, Twintsk, Nederlânsk en Frysk! Teije en Tjitze krije it allegear fan jongs ôf mei en Teije brûkt sels al in soad gebaren.

Sa prate wy thús: Fatma

Talen kleuren het leven van Fatma Abdela. Ze is geboren in Eritrea op een boerderij met veel koeien, kippen en schapen én een kat. Thuis in Eritrea spraken ze Saho, één van de negen talen die Eritrea rijk is. Met anderen spraken ze vaak Tigrinya, een van de grootste talen van het land. Arabisch kon ze alleen lezen.

Sa prate wy thús: Michel en Nienke 


Nienke de Boer (42) en Michel van Doorn (49) wenje mei harren dochter Kaatje (5) no al in pear jier yn Tersoal. De húshâlding ferhuze fan Gouda nei Fryslân, om yn It Hearrenfean en nei ferrin fan tiid ek yn Snits in nij filiaal te iepenjen fan harren sieradewinkel. Fan dat stuit ôf nimme se in au pair yn ‘e hûs en wurdt neist it Nederlânsk ek it Ingelsk de fiertaal thús. 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2026 #1

💛 It nije tydskrift heit & mem is der wer! 📖
In prachtich fergees tydskrift fol ynspiraasje, ferhalen en tips foar alle heiten, memmen en oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier.

Yn dit nûmer:

❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen
👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen
🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe
💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin
📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske
🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane
🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern
👨‍🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk
👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte
🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân
👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe
📵 Opfiede sûnder skermen
👨‍👩‍👧 Wannear ast ien bern krigen hast…
❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe
✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst!
💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys
📖 De moaiste Fryske berneboeken

In tydskrift fol Fryske ferhalen, werkenning, humor en ynspiraasje foar it hiele gesin. En it moaiste? It is hielendal fergees! 💛

Bekijk magazine