Zoek op inhoud
Utfanhúzje
As bern sa no en dan útfanhúzje kin it dêr in protte fan leare. It wurdt der selsstannich fan en it fergruttet syn selsfertrouwen. Bern leare dat se it bêst gesellich hawwe kinne ek al binne se in nacht net thús. Guon bern (mar soms ek de âlders) binne benaud dat bern ûnwennich wurde sille.
Om: resinsje fan Pytrik
Ate is fan doel om allinnich op ’e fyts in lange tocht te meitsjen rjochting de Noardkaap. Dat om syn ferline in plak te jaan. Underweis belibbet er fan alles wat er perfoarst net tocht hie. Sil hy de Noardkaap wol helje as er ûnderweis fan alles tsjinkomt dat er nea ferwachte hie?
‘Wy genietsje no folle mear fan de bern’
Pakes en beppes binne anno 2021 net allinnich pake en beppe mar faak ek oppas foar harren bernsbern. Wat fine se dêr eins fan en bemuoie se harren ek mei de opfieding? Wy praten mei fjouwer grutske pakes en beppes oer harren dûbeldrol.
De Grutte Griene Grizel: resinsje fan Simone
In boek betocht troch de skriuwer fan De Gruffalo en yllustrearre troch de tekener fan it boek Wy geane op bearejacht, dat kin hast net oars as in hiel moai boek wêze. Dy beide boeken hawwe wy yn ’e hûs en wurde faak út de kast helle om foar te lêzen. It boek fan De Grutte Griene Grizel sjocht der moai út. De titel fan it boek makket ús fuortendaliks nijsgjirrich. Wa of wat soe dy grutte griene grizel wêze? It boek is grut fan formaat. De platen komme dêrmei goed út. De tekst bestiet út koarte stikjes en lêst dêrtroch flot foar.
Skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’
‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’