Zoek op inhoud

Ate is fan doel om allinnich op ’e fyts in lange tocht te meitsjen rjochting de Noardkaap. Dat om syn ferline in plak te jaan. Underweis belibbet er fan alles wat er perfoarst net tocht hie. Sil hy de Noardkaap wol helje as er ûnderweis fan alles tsjinkomt dat er nea ferwachte hie?

Ast it boek ‘Om’ sjochst, tinkst fuort: dit is grif in modern en ‘fris’ boek. It kaft is sûnder opskik en je witte fuort wêr’t it om draait, nammentlik om fytsen.

It boek lêst flot fuort, yn it boek komme in protte – foar my – werkenbere ûnderwerpen nei foaren. Studint wêzen, it weromsjen op je jeugd no’t je folwoeksen binne, en bytiden koart foar de kop wêze. Dochs wiene guon passaazjes dreech. De skriuwer is opgroeid yn ’e Wâlden en hat Frysk studearre yn Grins, beide saken kinst bot fernimme, it taalgebrûk is somtiden lestich en men hat it oer dû wêr’t ik as klaaiklút do brûk. Ik moat al sizze dat yn ’e rin fan it boek it taalgebrûk wol went. It boek is bytiden poëtysk, de sinnen binne sa moai! ‘Werom is om’ wie in sin dy’t my oan it tinken sette en in glimke op myn gesicht tovere.

It moaie fan it boek is dat je sawol de aventoeren as syn gedachten lêze. Dêrtroch krije je echt it idee as leare je Ate goed kennen, je gean him begripen yn ’e rin fan it boek. It wurdt dan ek terjochte in psychologyske fytsroman neamd.

De reis dy’t Ate makket is moai beskreaun, krekt lykas de stêden en doarpen dy’t hy oandocht yn Skandinavië. Dochs is net alles moai beskreaun, yn myn optyk. Der binne in protte iepen einen yn it boek. Ik haw faak tocht ‘fertel fierder’ of ‘mar hoe sit dit dan’. Ik tink dat dat presys is wat de skriuwer berikke wol, dat it ferhaal mei je fantasy oan ’e haal giet.

In boek dat net al te folle tiid yn beslach nimt, de haadstikken binne noflik op lingte – ideaal foar as je krekt mem wurden binne yn myn gefal. In ferhaal dat in protte werkenning oproppe sil ast oan fytsfakânsjes dochst, of ast yn ’e jierren 80-90 berne bist, en in skriuwer dy’t seks op papier doart te setten op in wize dat it gjin porno wurdt.

Al mei al in boek om ris te lêzen, en om oer nei te tinken.

Pytrik de Groot, Dronryp – Dosinte Biology op it RSG te Snits.

‘Om’ is foar € 5,- (oanbieding!) hjir online te bestellen.

-> Pytrik is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De resinsje fan Pytrik: Bisten op ‘e pleats

Doe’t ik it boek ‘Bisten op ’e pleats’ foar it earst seach, wist ik net oft dat wol wat foar my en ús famke wie. De glinsters binne fel en wy hawwe hjir meastentiids boeken mei tekeningen yn stee fan foto’s sa as dit boek hat.

De resinsje fan Pytrik: FC Nostalgia

Fergees foarlêsferhalen by de Foarlêsklup!

Meisto ek sa graach moaie ferhalen foarlêze?
En hasto bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 10 jier?

Dan is de heit&mem Foarlêsklup grif wat foar dy!

Bern fan Fryslân: Jolieke

Jolieke docht no twa jier oan acrogym, earst yn har eigen doarp Damwâld en no by Turn- en Gymsport Dokkum, en mocht dit jier sels al nei it NK mei har partner Thirza. Dêr waarden se twadde. Har libben stiet foar in grut diel yn it teken fan har grutte hobby.